Wyk- en buertyndieling
Wyk- en buertyndieling
Aktuele en gelike grinzen fan wiken en buerten binne belangryk foar minsken dy't harren dwaande hâlde mei maatskiplike saken en ûndersiken mei sifers. Bygelyks meiwurkers fan de gemeente, ûndersyksynstituten, de plysje en de GGD.
Grinzen opnij fêststeld
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat de grinzen fan wiken en buerten fan de gemeente Smellingerlân yn 2024 opnij fêststeld. Dat wie nedich omdat der ferskillende yndielingen neist inoar rûnen: dy fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) en dy fan de gemeente. Troch de oanpassingen kinne ferskillende organisaasjes en ôfdielingen binnen de gemeente wer mei deselde yndieling wurkje. Foar de bewenners fan Smellingerlân hat de nije yndieling gjin gefolgen.
De nije wyk- en buertyndieling
Bedriuweterreinen dy't de ôfrûne jierren ûntstien binne, binne yn de nije yndieling opnaam. Op ferskillende plakken binne de wyk- en buertgrinzen oanpast oan de grinzen fan wenplakken. Sa foldocht de gemeente oan de lanlike rjochtlinen.
Der ûntstiet in nije buert eastlik fan de Wâldwei. Dat gebiet foel ûnder Drachtsterkompenije, mar is geografysk ûnderdiel fan it wenplak Drachten. De buert krijt de namme Wâldwei Oost. Tegearre mei de buert A7 Noord foarmet dat in wyk mei de namme Drachten Oost.
Fennepark, Burmaniapark en Vrijburgh binne yn de nije yndieling buerten dy't ûnderdiel binne fan de wyk De Folgeren.
Ynteraktive kaart
Besjoch de ynteraktive kaart fan de nije yndieling hjirûnder of fia in oar finster. Loftsboppe yn de kaart kinne jo adressen opsykje om te besjen yn hokker wyk en buert it leit.