'Omgevingsgerichte Woonvisie 2020-2025'
Yn Smellingerlân is wurke oan it opstellen fan in nije en ambisjeuze Woonvisie 2020-2025, op in wize dy't op de omjouwing rjochte is. Ynwenners, ûndernimmers, boubedriuwen en ûntwikkelers, korporaasjes en maatskiplike organisaasjes hienen dêrby in belangrike rol. Op 6 oktober 2020 hat de ried de Woonvisie 2020-2025 fêststeld.
Mei de nije wenfyzje jout de gemeente rjochting oan de wenningmerkûntwikkelingen yn Smellingerlân. Ek fungearret de wenfyzje as rjochtline by in soad romtlike en wenningboufraachstikken. Fierder is yn de wenfyzje in wenningbouprogramma foar de kommende 5 jier opnaam.
Besjoch de Woonvisie 2020-2025 (pdf).
De gemeenteried hat op 7 maart 2023 it Addendum (oanfolling) op de Woonvisie 2020-2025 fêststeld.