Neidielkompensaasje oanfreegje

Hawwe jo as partikulier of ûndernimmer finansjele of ekonomyske skea troch wurksumheden, besluten of oare hannelingen fan de gemeente? Under beskate betingsten kinne jo dêr in skeafergoeding foar krije. Dat hjit neidielkompensaasje. Hjirûnder fine jo de betingsten, de kosten en it oanfraachformulier.

Betingsten

Jo hawwe rjocht op neidielkompensaasje as jo situaasje foldocht oan de neikommende easken:

  • Jo hawwe skea troch in beslút of hanneling fan de gemeente Smellingerlân.
  • De skea falt net ûnder it normale ûndernimmersrisiko of maatskiplik risiko (dat is te fergelykjen mei it eigen risiko fan de soarchfersekering).
  • De skea is net op in oare wize fergoede of fersekere.
  • De skea wie net te foarsjen.
  • Jo hawwe neat oan de situaasje dwaan kinnen.
  • De skea is net langer as 5 jier ferlyn ûntstien.

Kosten

In oanfraach yntsjinje kostet € 500,-. Jo krije dêr in faktuer foar. Krije jo gjin neidielkompensaasje? Dan krije jo dat bedrach net werom. As jo wol yn 'e beneaming komme foar neidielkompensaasje, krije jo dat bedrach wol werom.

Neidielkompensaasje oanfreegje

Proseduere

Is jo oanfraach kompleet en op 'e tiid? Dan krije jo ús beslút binnen 8 wike nei jo oanfraach. Mar as in advyskommisje advisearret oer jo oanfraach, wurdt de beslistermyn 6 moanne. Binne jo it net iens mei it beslút? Dan kinne jo binnen 6 wike nei it bekend meitsjen fan it beslút beswier meitsje. 

Skea foar 1 jannewaris 2024

Hawwe jo planskea troch in beslút âlder as 1 jannewaris 2024? Dat falt ûnder in âldere wet. Jo kinne dêr temjittekomming planskea foar oanfreegje. Om temjittekomming planskea oan te freegjen kinne jo mei ús kontakt opnimme fia telefoannûmer 0512 58 12 34 of troch in mail te stjoeren nei gemeente@smallingerland.nl