Struirûtes by glêdens

Fan novimber oant maart is der in struitsjinst. Yn dy perioade hâlde wy de waarsomstannichheden en temperatueren fan de wei goed yn 'e gaten. Dat dogge wy mei MeteoGroup. Krekt foardat it glêd wurdt, begjinne wy te struien.

Earst de haadwegen en haadrûtes

De struitsjinst begjint altyd as earste mei struien op de trochgeande haadwegen en de haadrûtes fan en nei alle doarpen en wiken. De gemeente Smellingerlân is ferdield yn 9 haadrûtes. De struirûtes kinne jo op dizze kaart besjen.

Fytspaden

Fytspaden oan haadrûtes yn 'e doarpen en by bûtenwegen lâns wurde ek struid. De rest fan de fytspaden net.

Wat dogge wy as it tige glêd wurdt?

As it tige glêd wurdt, lykas by izel of snie, dan struie wy alle wegen en strjitten. Ek dan begjinne wy altyd mei de haadrûtes. Dêrnei sille wy ek de wiken yn.