NEE/NEE- of NEE/JA-stikker

Mei in fergees te krijen NEE-NEE-stikker of NEE-JA-stikker op jo brievebus krije jo gjin net-adressearre reklame en folders mear. Freegje de stikker oan by de gemeente.

NEE-NEE-stikker/NEE-JA-stikker oanfreegje

Twa soarten stikkers

  • NEE-NEE-stikker: jo krije gjin reklameprintwurk en gjin hûs-oan-hûsblêden yn jo brievebus.
  • NEE-JA-stikker: jo krije gjin reklameprintwurk yn jo brievebus, mar wol hûs-oan-hûsblêden.

Seleksje

Sels in seleksje meitsje fan wat jo krije wolle kin ek. Lit de ôfstjoerders fia Postfilter witte wat jo wol en net yn jo brievebus ha wolle.