Leechsteande wenromte ferhiere

Stiet jo wenning te keap, mar slagget it net om jo wenning te ferkeapjen? Of wurdt jo wenning wierskynlik sloopt of renovearre? It is mooglik om jo wenning tydlik te ferhieren. Dêr hawwe jo in fergunning op grûn fan de Leechstânswet foar nedich. Freegje in fergunning oan by de gemeente.

Oanfraachformulier

Kosten

  • Kosten oanfraach fergunning €120,-
  • Kosten oanfraach ferlingjen fergunning €45,-

Betingsten

  • De wenning stiet leech.
  • De wenning is eigendom fan de oanfreger.
  • Partikuliere eigeners meie net mear as 2 te keap steande keapwenningen tagelyk tydlik ferhiere.
  • De hierder hat in opsistermyn fan minimaal 1 moanne.
  • De skriftlike hieroerienkomst duorret op syn minst 6 moanne.
  • De ferhierder hat in opsistermyn fan minimaal 3 moanne.

Dit moatte jo witte

  • Foar tydlike ferhier freegje jo bytiden ek tastimming oan de bank of in oare hypoteekbesoarger. Dy ynstânsjes kinne betingsten stelle oan harren tastimming. Foar mear ynformaasje dêroer kinne jo terjochte by de Belestingtsjinst.