Keamers mei Oandacht

Hawwe jo in keamer oer dy't jo ferhiere wolle soene oan in jongere? En fine jo it aardich om derfoar te soargjen dat dy jonge hierder him/har thúsfielt? Of bisto in jongere tusken de 18 en 23 jier en komst út de jeugdsoarch? Wolst graach in keamer hiere by in partikulier dy't dy opnimt yn syn/har húshâlding? Dan is Keamers mei Oandacht wat foar dy!

Mei soarchoanbieders

Kamers met Aandacht puzzelstukje vrouw en meisjeKeamers mei Oandacht is as inisjatyf earder yn oare stêden begûn en hat ûnderwilens hast 200 jongeren keppele oan ferhierders. Yn Smellingerlân giet it om in pilot fan twa jier, wêryn't Stichting Kamers met Aandacht tegearre mei soarchoanbieders op syk giet nei keamers foar jongerein yn Smellingerlân. Mei as doel de jongerein te begelieden nei folslein selsstannich wenjen.

Keamer ferhiere?

Wolle jo graach in keamer ferhiere oan in jongere tusken de 18 en 23 jier? En fine jo it aardich om derfoar te soargjen dat dy jonge hierder him/har thúsfielt? De jongere komt út de jeugdsoarch, hat wurk of giet nei skoalle en hat gjin problematyk dy't it deistich funksjonearjen yn 'e wei stiet.

Meitsje it ferskil en meld jo oan by Keamers mei Oandacht!

It ferhieren fan in Keamer mei Oandacht

Elkenien kin in Keamer mei Oandacht oanbiede en elke wenromte kin in Keamer mei Oandacht wurde. Hawwe jo in húshâlding en in souderkeamer oer, binne jo allinnichsteand of al wat âlder en misse jo in jongere yn 'e hûs? Alles is mooglik! Betingst is wol dat jo de keamer op syn minst ien jier ferhiere en dat de hierpriis net heger is as it bedrach dat de lanlike hierkommisje advisearret. Wat ek goed is om te witten is dat it ferhieren fan in Keamer mei Oandacht foar jo as ferhierder gjin ynfloed hat op jo hiertaslach.

Oandacht en begelieding

De jongere kriget it earste healjier begelieding fan in eigen helpferliener. En mei in bytsje persoanlike oandacht bouwe se harren eigen netwurk op om op werom te fallen. Oant se úteinlik hielendal op eigen skonken stean kinne. Dy persoanlike oandacht kinne jo as ferhierder jaan, mar fansels ek jo húsgenoaten lykas bern, húsdieren, pake en beppe ensafuorthinne.

Soarchfâldich keppele

Jo wurde soarchfâldich keppele oan in hierder, wêrby't jo sels bepale hoefolle 'oandacht' jo biede wolle en op hokker wize. Bûtendat bliuwt de koördinator fan Keamers mei Oandacht belutsen by it hiele hierkontrakt, dat jo hawwe altyd ien om op werom te fallen, mocht dat nedich wêze.

Nijsgjirrich wurden?

Hawwe jo ynteresse om in keamer oan in jongere te ferhieren, sjoch dan foar mear ynformaasje op kamersmetaandacht.nl, nim kontakt op fia info@kamersmetaandacht.nl of belje tel. 06 11 13 46 85.

Keamer hiere?

Kinst in Keamer mei Oandacht hiere ast tusken de 18 en 23 jier bist en út de jeugdsoarch komst. Neist in noflik thús krigest it earste healjier begelieding fan dyn eigen helpferliener. En ast it aardich fynst om ek de ferhierder te helpen mei deistige dingen, dan mei dat. Miskien bisto bygelyks in kanjer yn kompjûters en is de ferhierder dêr tige mei holpen.

Lês mear oer it hieren fan in Keamer mei Oandacht

Ferhierders en jongerein lykas dy wurde soarchfâldich keppele, wêrby't ferhierders sels oanjaan kinne hoefolle 'oandacht' sy biede wolle/kinne en op hokker wize. Mar ek do kinst oanjaan watst graach wolle soest: wol of gjin húsdier yn 'e hûs, mei-inoar ite of krekt net. Mar ek oftst by in âlder persoan wenje wolst of krekt yn in húshâlding mei bern.

Hier en deibesteging

Betellest gewoan alle moannen hier foar dyn keamer (mei in maksimum fan 450 euro, ôfhinklik fan it type keamer) en moatst derfoar soargje datst wurk hast of nei skoalle giest. Ek is it belangryk datst gjin problematyk hast dy't it deistich funksjonearjen yn 'e wei stiet.

Nijsgjirrich wurden?

Nim dan kontakt op mei dyn begelieder en jou oan datst dy oanmelde wolst by Keamers mei Oandacht. Wolst mear ynformaasje? Sjoch dan op kamersmetaandacht.nl. Nim kontakt op fia info@kamersmetaandacht.nl of belje tel. 06 11 13 46 85.

Keamers-mei-Oandacht Hoe wurket it byld