Hout stoke

As jo yn 'e hûs jo houtkachel of iepen hurd oanstekke, ûntstiet der reek. Dy reek befettet skealike stoffen, lykas fynstof. Dat fynstof feroarsaket luchtfersmoarging en kin skea oan de sûnens fan josels en oaren opleverje, sels as jo de reek net mear sjogge.

Utstjit beheine

Mei de neikommende tips beheine jo de útstjit fan skealike stoffen:

  • Stook allinnich drûch en net-behannele hout.
  • Stook gjin ympregnearre of ferve hout.
  • Lis lytse houtsjes boppe-op it fjoer en stek it fjoer fan boppen ôf oan.
  • Lit de iepen hurd of houtkachel út by wynstil of dizich waar en rieplachtsje it stookalert.
  • Lit de skoarstien op syn minst ien kear yn 't jier goed feie.
  • Set de luchttafier yn 'e kachel hielendal iepen.
  • Hâld fentilaasjeroasters iepen by it stoken.
  • Kontrolearje regelmjittich oft jo op 'e goede wize stoke.
  • Tink by it stoken fan hout ek oan de brânfeiligens. Pleats bygelyks in koalmonoksidemelder.
  • Lit in houtfjoer fansels útbrâne.

Oerlêst

Soarget it stoken fan hout foar oerlêst, begjin dan in freonlik petear mei dyjinge dy't hout stookt. Fertel wat jo der lestich oan fine. Ferwiis nei de tips hjirboppe en stel foar om tegearre ôfspraken te meitsjen oer it stoken. 

Mear ynformaasje

Lês mear oer feilich en oerlêstfrij hout stoke op: