Histoarysk argyf ynsjen
Jo kinne by gemeente Smellingerlân terjochte foar in argyfûndersyk, bygelyks genealogysk of histoarysk ûndersyk.
Gemeente Smellingerlân hat in wiidweidich histoarysk argyf. It giet om stikken fan bygelyks:
- Gemeenteargyf Smellingerlân 1616-1990
- Algemiene Earmfâdij Drachten 1828-1914
- Gemeentlike gasfabryk 1901-1923
Sels op ûndersyk út
Jo kinne ek fêst thús sels op ûndersyk útgean. Dat kin fia bygelyks de neikommende websiden:
- Om mei te begjinnen: op de webside fan KIA fine jo argyftips foar begjinners.
- Op de webside Fries Archiefnet fine jo in oersjoch fan de ynventarissen fan ús argiven. Hjir kinne jo fêst de stikken útsykje dy't jo by ús ynsjen wolle.
- Op de webside Alle Friezen fine jo de iepenbiere akten fan de Boargerlike Stân en Befolkingsregisters.
- De gemeente hat ek in foto-argyf. In part dêrfan is fia de byldbank fan Smelnes Erfskip online te besjen.
- Wolle jo bûten de grinzen fan Smellingerlân sykje? Sjoch dan op de webside fan Tresoar, de skatkeamer fan Fryslân.
- Op de webside Delpher kinne jo in protte kranten, tydskriften en advertinsjes trochsykje.
Argyffraach stelle
Hawwe jo in fraach oer ús argyf of wolle jo stikken ynsjen? Meitsje dan gebrûk fan ús webformulier.
Tink derom: It gemeentehûs yn Drachten wurdt fernijd. De ferbouwing begjint yn oktober 2025 en is op syn lêst op 31 desimber 2026 klear.
Yn dy perioade wurket de argyfôfdieling út in tydlike lokaasje wei yn it âlde gebou fan De Welle. De argyfstikken sels bliuwe opslein yn 'e kelder fan it gemeentehûs. Sadwaande is de tagong ta it argyf tydlik beheind.
Fan augustus 2025 oant en mei maart 2027 kin it beäntwurdzjen fan jo argyffraach dêrtroch maksimaal 14 dagen duorje. Wolle jo argyfstikken ynsjen? Dat kin wer fan septimber 2025 ôf yn it âlde gebou fan De Welle, mar allinnich op ôfspraak.