Ferfange beammen en strûken

It grien yn de iepenbiere romte hat ûnderhâld nedich en moat nei ferrin fan tiid ferfongen wurde. Sa hâlde wy de kwaliteit fan it grien op peil.

De gemeente hat dêr in ferfangingsplan foar makke. By it ferfangen fan grien rjochtsje wy ús op beammen, boskplantsoen, strewelleguod, hagen, roazen en fêste planten. By it ferfangen brûkt de gemeente safolle mooglik itselde type planten.

Ferfangingslist

Op de ferfangingslist fan de gemeente kinne jo sjen wêr't by jo yn 'e buert it grien ferfongen wurdt.

Ferfangingslist

Oanpak

De gemeente makket in ferfangingsplan. Dêr stiet in nij beplantingsplan yn en hoe't it giet mei de fergunningen, bygelyks in kapfergunning. In oannimmer fiert de wurksumheden foar ús út. Bygelyks it roaien en kapjen fan grien, it ferbetterjen fan de grûn, it oanplantsjen fan nij grien, it bywurkjen fan perkrânen en eventueel it nimmen fan ferkearsmaatregels.

Yn hjerst, winter en maitiid

Wy besykje om alle jierren yn de hjerst, winter en maitiid it grien oan te pakken. Dat is de bêste tiid om beplanting te ferfangen.