Duorsumensliening oanfreegje
As jo jo wenning duorsumer meitsje wolle of enerzjy besparje wolle yn 'e hûs, dan kinne jo in duorsumensliening of in 'Energiebespaarlening' oanfreegje. Dêrmei kinne jo bygelyks in waarmtepomp keapje, HR++ glês pleatse litte of jo dak, flier of muorre isolearje litte.
Wolle jo in liening oanfreegje foar sinnepanielen? Jo freegje dy liening net oan by de gemeente, mar by it Nationaal Warmtefonds.
Energiebespaarlening
De Energiebespaarlening hat oantreklike betingsten. Jo freegje dy liening net oan by de gemeente, mar by it Nationaal Warmtefonds.
- De Energiebespaarlening kin oanfrege wurde troch wenningeigeners dy't sels yn harren hûs wenje (eigener-bewenners).
- Wenningeigeners kinne minimaal € 1.000 en maksimaal € 65.000 liene.
- De liening kin oanfrege wurde foar in soad maatregels foar it ferduorsumjen fan jo wenning. Bygelyks foar sinnepanielen, isolaasje, HR++ glês of in waarmtepomp. De folsleine list stiet op Energiebesparende maatregelen - Warmtefonds.
Rinte op de Energiebespaarlening
- Rinte fan 0% foar eigener-bewenners mei in sammelynkommen fan minder as € 60.000.
- Eigener-bewenners mei in ynkommen dêrboppe betelje wol rinte, mar krije in rintekoarting fan 1%. Dat is tanksij in bydrage fan de provinsje Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje en de aktuele rintetariven op Energiebespaarlening Fryslân - Warmtefonds.
It Nationaal Warmtefonds hat ek lienmooglikheden foar eigener-bewenners fan in wenning mei beheinde lienromte en foar VvE's. Foar mear ynformaasje, betingsten en fragen kinne jo terjochte op de webside fan it Nationaal Warmtefonds.
Duurzaam Bouwloket
Duurzaam Bouwloket fersoarget as ûnôfhinklike en profesjonele partij it enerzjyloket foar gemeente Smellingerlân. It loket jout fergees en ûnôfhinklik advys. Duurzaam Bouwloket kin ûnder oare in subsydzjecheck of online hûscheck foar jo útfiere. Ek kinne jo dêr terjochte mei al jo fragen oer subsydzjes, duorsum (fer)bouwe, enerzjy besparje en enerzjy opwekke. Jo kinne dêr fansels ek terjochte foar jo fragen oer de Energiebespaarlening. Foar mear ynformaasje sjogge jo op Duurzaam Bouwloket of belje jo nei 0512 – 225004.
Duorsumensliening Smellingerlân
Jo kinne by de gemeente in duorsumensliening oanfreegje.
Betingsten
Jo moatte foldwaan oan in oantal betingsten:
- Jo binne eigener en bewenner fan de wenning dy't jo duorsum meitsje sille.
- De liening wurdt brûkt om te beteljen foar maatregels dy't jo hûs duorsumer meitsje.
- By jo oanfraach stjoere jo in net-tekene offerte mei. Jo namme en adres moatte goed lêsber wêze op de offerte. Undertekenje de offerte noch net, oars geane jo in ferplichting oan.
- De wurksumheden binne noch net útfierd. De liening kin net mei weromwurkjende krêft oanfrege wurde.
- Jo binne 18 jier of âlder.
- Jo kinne minimaal € 2.500 en maksimaal € 15.000 liene.
- Oant € 7.500 is de rintiid 10 jier. Foar hegere bedraggen is de rintiid 15 jier.
- Foar sinnepanielen kinne jo maksimaal € 7.499 liene.
- De rinte stiet de folsleine rintiid fêst. Jo fine de rintetariven op SVn.nl.
- Earder ôflosse is boetefrij.
De oanfraach
Foar in duorsumensliening moatte jo in oantal stappen trochrinne:
- Foardat jo de duorsumensliening oanfreegje, freegje jo in persoanlike offerte oan foar de wurksumheden en materialen dy't jo nedich hawwe. Undertekenje de offerte dan noch net. Jo witte dan nammentlik noch net oft jo de liening krije.
- Jo freegje de duorsumensliening oan fia dizze pagina. Dêrfoar hawwe jo jo DigiD nedich. As jo oan de betingsten foldogge, krije jo in foarriedige tawizing fan de gemeente. Dat is noch net it definitive beslút.
- Mei de foarriedige tawizingsbrief kinne jo in kredyttoets oanfreegje op de webside fan it Stimuleringsfonds Volkshuisvesting. Dat kin pas neidat jo berjocht krigen hawwe fan de gemeente. Yn de tawizingsbrief lêze jo hoe't jo de kredyttsjek oanfreegje kinne.
- By in positive kredyttsjek krije jo fan SVn in offerte foar de liening. Dy moatte jo ûndertekenje. Dêrnei wurdt it liende bedrach jo boukredyt.
As jo it boukredyt hawwe, kinne jo de offerte ûndertekenje en dêrmei de opdracht jaan foar de wurksumheden. De faktueren stjoere jo nei SVn en wurde troch SVn betelle út jo boukredyt.
Wolle jo in liening oanfreegje foar sinnepanielen? Jo freegje dy liening net oan by de gemeente, mar by it Nationaal Warmtefonds.
Fergunningen
By it Omgevingsloket kinne jo sjen oft jo in fergunning nedich hawwe foar jo plannen. Meastentiids hawwe jo dy net nedich foar maatregels dy't jo hûs duorsumer meitsje. As jo wol in fergunning nedich hawwe, moatte jo dy ek oanfreegje. By de behanneling fan jo oanfraach foar in duorsumensliening kontrolearje wy net oft jo de goede fergunningen hawwe.
Foarbylden
Mei de liening kinne jo allerhande duorsumensmaatregels nimme. Jo kinne it jild bygelyks brûke foar:
- Dakisolaasje mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
- Isolaasje fan souder- of ferdjippingsflier mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
- Gevelisolaasje mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
- Spoumuorre-isolaasje mei op syn minst Rd-wearde 1,1 [m2 K/W]
- Flier- en/of boaiemisolaasje mei op syn minst Rd-wearde 3,5 [m2 K/W]
- HR++ glês mei op syn meast U-wearde 1,2 [W/m2K]
- Triple-glês mei op syn meast U-wearde 0,7 [W/m2K] yn kombinaasje mei in (nij) isolearjend kezyn mei op syn meast U-wearde 1,5 [W/m2K]
- Kezinen yn kombinaasje mei HR++ glês mei op syn meast U-wearde 1,2 [W/m2K]
- Kezinen yn kombinaasje mei triple-glês mei op syn meast U-wearde 0,7 [W/m2K]
- Techniken foar waarmteweromwinning (wtw) mei in rendemint fan op syn minst 90%
- (Hybride) waarmtepomp
- Sinneboiler
- Technyske oanpassingen oan de meterkast foar realisaasje duorsumensmaatregels
- Ôfslútkosten gasoansluting
- Laadboks foar elektryske auto
Subsydzjemooglikheden
Foar in soad enerzjybesparjende maatregels kinne jo subsydzje krije. Doch de subsydzjetsjek op duurzaambouwloket.nl.
Mear ynformaasje
Jo lêze mear oer de kredytcheck foar de duorsumensliening op de webside fan SVn. De liening freegje jo net fia SVn oan.