Duorsumens

In soad ynwenners fan Smellingerlân meitsje al duorsume karren. Sy lizze sinnepanielen op it dak, isolearje harren hûs, ride yn in elektryske auto, diele guod mei-inoar, en keapje lokaal en ferantwurde iten. Oaren helje tegels út 'e tún en meitsje dy griener en koeler. Dat wurket oansteklik. Oaren dogge ék graach mei.

Mar net elkenien kin dat fuortendaliks. Guon hawwe de (finansjele) middels net, oaren in tekoart oan tiid of kennis, en wer oaren sjogge tûkelteammen yn wet- en regeljouwing. Dêrom helpt de gemeente ynwenners en ûndernimmers op gleed.

Tips, advys en subsydzje

By ús fine jo tips en advizen, wy jouwe subsydzjes en lieningen, en ynformaasje oer de oankommende projekten, de mooglikheden om mei te tinken en te dwaan. Want allinnich mei-inoar kinne wy stappen sette. Wolle jo ek in griene, skjinne en sosjale takomst yn Smellingerlân? Check de tips op de webside Duurzaam Smallingerland. Of kom nei in ynformaasjemerk en benut de protte kânsen dy't der binne.

Klimaatadaptaasjeplan

It doel fan gemeente Smellingerlân is dat wy yn 2050 de beboude omjouwing yn Smellingerlân sa ynrjochte hawwe dat dy waarsekstremen ferneare kin en dat it bioferskaat wer better wurden is. Mei tank oan ús Klimaatadaptaasjeplan hawwe wy maatregels nommen om wetteroerlêst, hjittestress en drûchte te beheinen ta in akseptabel nivo. Dat soarget foar in noflik leefklimaat foar sawol minsken as bisten. Bûtendat hawwe wy de delgong fan it bioferskaat witte om te bûgen nei in positive trend.

Benijd hoe't wy dat dwaan sille? Lês it folsleine Klimaatadaptaasjeplan op Duurzaam Smallingerland.