Underwiishúsfêsting Smellingerlân
De gemeente soarget foar goede ûnderwiishúsfêsting op grûn fan de wet. Fan de Ryksoerheid krije wy jild om nije skoallen te bouwen en âlde skoalgebouwen te ferfangen. Om goede karren te meitsjen wurket de gemeente by it bouwen fan skoalgebouwen nau gear mei de ûnderwiisbestjoeren yn Smellingerlân.
Monitor en dashboard ûnderwiishúsfêsting
Yn april 2020 hat de gemeenteried ús monitor ûnderwiishúsfêsting fêststeld. De ûnderwiismonitor is it begjinpunt foar it ûntwikkeljen fan in Yntegraal Húsfêstings Plan (Integraal Huisvestings Plan = IHP). In IHP is in dield plan tusken gemeente en ûnderwiisbestjoeren oer de takomst fan skoalgebouwen yn ús gemeente. Dêryn stelle wy mienskiplike doelen foar de skoalgebouwen op it mêd fan edukaasje en duorsumens. De monitor bestiet út twa dielen:
- In Dashboard dêr't alle skoalgebouwen yn de gemeente yn steane mei ûnder oare in foto, ferwachte learlinge-oantallen, gegevens oer it gebou en bysûnderheden. Besjoch it skoalledashboard.
- De Monitor dêr't yn stiet wat ús wetlike taak en de rolferdieling is tusken gemeente en it ûnderwiisbestjoer. Wy neame de meast resinte ûntwikkelingen en litte sjen wat wy oant 2030 fan doel binne op it mêd fan ûnderwiishúsfêsting yn de gemeente Smellingerlân. Besjoch de monitor.