Underwiis yn Smellingerlân

Yn Drachten kinne hast alle bern ûnderwiis ticht by hûs folgje, omdat der in grut oanbod fan ûnderwiis en spesjaal ûnderwiis is. Wy hawwe fuortset ûnderwiis fariearjend fan praktykûnderwiis, tmbû en hafû oant twû. Friese Poort yn Drachten hat in grut oanbod fan mbû-opliedingen.

Primêr ûnderwiis

Der binne yn gemeente Smellingerlân 27 skoallen dy't primêr ûnderwiis oanbiede. De skoallen falle ûnder de neikommende skoalbestjoeren: OPO Furore, PCBO Smallingerland, Bisschop Mollerstichting, GPO Fryslân en de Vereniging voor Gereformeerd Schoolonderwijs.

Under primêr ûnderwiis falle ek de NT2-basisskoalle (foar Nederlânsk as twadde taal en ynboargerjen) en twa skoallen foar spesjaal basisûnderwiis (sbû; sjoch ek Nijbou spesjaal (basis)ûnderwiis).

Fuortset ûnderwiis

CSG Liudger

CSG Liudger is in brede, kristlike skoallemienskip foar it fuortset ûnderwiis. It ûnderwiis dat oanbean wurdt op CSG Liudger is praktykûnderwiis, tmbû, aksinten, mafû(+), hafû, ateneum, gymnasium, technasium, twatalich ûnderwiis en meartalich ûnderwiis.

It ûnderwiis is organisearre op seis lokaasjes: Burgum (ynkl. hafû-top), De Raai, De Ring, Splitting en Waskemeer.

Besjoch mear ynformaasje oer CSG Liudger.

Gomarus College

Op de grifformearde skoalle Gomarus College stiet de Bibel en it leauwen sintraal. De fêstiging yn ús gemeente is te finen oan De Drift. De neikommende ûnderwiismooglikheden wurde oanbean op it Gomarus College: tmbû bl/kl fakkolleezje, tmbû gl/tl, hafû, twû, gymnasium, praktykûnderwiis, twatalich ûnderwiis.

Besjoch de webside fan it Gomarus College.

OSG Singelland

Singelland is in skoalle foar iepenbier ûnderwiis. Wy besteegje op in aktive wize oandacht oan fragen oer libbensskôging. Dat freget om in iepen en respektfolle hâlding fan meiwurkers en learlingen. Alle bern binne wolkom.

Singelland is in skoallemienskip mei seis lokaasjes yn Drachten (VHS, it Drachtster Lyceum, De Venen, ISK), Burgum en Surhústerfean. Wy kinne alle learlingen dy't de basisskoalle ferlitte in plak foar ferfolchûnderwiis biede, want wy biede praktykûnderwiis, tmbû, hafû en twû. Yn ús ynternasjonale skeakelklassen (ISK) fange wy net-Nederlânsktalige learlingen op. 

Lês mear oer OSG Singelland.

Spesjaal ûnderwiis

It (fuortset) spesjaal ûnderwiis ((f)sû) is der foar learlingen mei in spesifyk ferlet fan stipe.

Sû De Saffier en fsû De Zwaai

Foar learlingen fan 4 oant en mei 12 jier mei gedrachsproblemen en/of psychiatryske problematyk is der sû De Saffier. Fan 12 oant en mei 18 jier kinne dy learlingen nei fsû De Zwaai.

Mear ynformaasje is te finen op de websiden fan sû De Saffier  en fsû De Zwaai.

Sû Kleurryk en fsû Talryk

Foar learlingen mei in lichaamlike en/of ferstanlike beheining of langduorjende sykte yn de âldens fan 4 oant en mei 12 jier is der sû Kleurryk. Fan likernôch 12 jier ôf is foar dy learlingen fsû Talryk beskikber.

Mear ynformaasje is te finen op de websiden fan sû Kleurryk en fsû Talryk.

De Skelp

Foar learlingen mei in kommunikative beheining of dôve en min hearrende learlingen is sû De Skelp de oanwiisde skoalle.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan sû De Skelp.

Nijbou spesjaal (basis)ûnderwiis

Yn de simmer fan 2023 start de nijbou foar it spesjaal (basis)ûnderwiis (s(b)û). Yn it nije gebou komme de neikommende skoallen foar spesjaal (basis)ûnderwiis yn Drachten ûnder ien dak:

  • sbû It Heechhôf, iepenbiere skoalle foar spesjaal basisûnderwiis
  • sbû Sjalom , ûnderdiel fan PCBO Smellingerlân
  • sû De Saffier
  • sû Kleurryk
  • sû De Skelp

De skoallen wurkje mei-inoar ta nei ien spesjalisearre ûnderwiisfoarsjenning foar learlingen yn it spesjaal (basis)ûnderwiis yn Drachten. Doel is om  profesjoneel ûnderwiis te bieden yn in feilige omjouwing, oan lytse groepen learlingen mei in ferlykber ferlet fan ûnderwiis. Learlingen tusken likernôch 4 en 14 jier wurdt sa in ûnûnderbrutsen learline bean, sadat sy op ien fertroud plak opgroeie kinne en harren ûntwikkelje kinne.

De skoalle wurdt boud oan de Noorderhogeweg yn Drachten. As alles neffens plan ferrint, krije de learlingen fan jannewaris 2025 ôf ûnderwiis yn harren nije ûnderkommen.

Mbû-ûnderwiis

Firda (foarhinne ROC Friese Poort biedt kristlik regulier mbû-ûnderwiis oan jongerein oan. Ek biedt Firda bedriuwsopliedingen foar folwoeksenen oan. Firda hat in rom oanbod fan op 'e praktyk rjochte (maatwurk)opliedingen, trainingen en kursussen.

Mear ynformaasje op rocfriesepoort.nl.

Politieacademie

De Politieacademie ûntwikkelet en fersoarget basis- en fakspesjalistysk ûnderwiis foar de Nederlânske plysje. De akademy jout koarte trainingen en folsleine opliedingen, fan mbû-nivo 2 oant en mei akademysk nivo.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Politieacademie.