Learlingeferfier oanfreegje
Giet jo bern nei it spesjaal (basis)ûnderwiis en is de ôfstân nei de skoalle mear as 3 kilometer? Of giet jo bern nei it basisûnderwiis en is dy ôfstân mear as 6 kilometer? Dan kinne jo learlingeferfier oanfreegje. Lês earst goed de ynformaasje op dizze side troch.
By it beoardieljen fan jo oanfraach sjocht de gemeente nei de mooglikheden dy't de learling hat om sels nei skoalle te reizgjen. Kin hy/sy bygelyks selsstannich fytse en/of reizgje mei it iepenbier ferfier? Eventueel ûnder begelieding fan in folwoeksene? Dan hat dat de foarkar. Pas as dat echt net slagget, komt de learling yn 'e beneaming foar learlingeferfier.
Jo bern komt yn 'e beneaming foar de fergoeding fan reiskosten as de ôfstân nei de tagonklike skoalle dy't it tichtstby is mear is as:
- 3 kilometer foar spesjaal ûnderwiis (sû)
- 3 kilometer foar spesjaal basisûnderwiis (sbû)
- 6 kilometer foar basisûnderwiis (pû)
Fierders jildt:
- Jo bern is jonger as 9 jier.
- Is jo bern 9 jier of âlder, dan is advys fan skoalle nedich.
- Giet jo bern op 'e fyts nei skoalle, dan krije jo in fytsfergoeding. Dy fergoeding bedraacht 11 sint de kilometer.
- Giet jo bern mei it iepenbier ferfier nei skoalle, dan fergoedzje wy de kosten fan it abonnemint fan it iepenbier ferfier.
- Is jo bern 9 jier of âlder en bringe en helje jo it bern sels? Dan krije jo in fergoeding fan 23 sint de kilometer.
- Komt jo bern yn 'e beneaming foar in taksyfergoeding, dan betellet de gemeente de kosten streekrjocht oan de ferfierder.
Hawwe jo mear bern dy't rjocht hawwe op learlingeferfier? Jo krije in kilometerfergoeding.
Fierders is it goed om te witten:
- Giet jo bern nei it (fuortset) spesjaal ûnderwiis? Dan betelje jo gjin eigen bydrage.
- Giet jo bern nei it basisûnderwiis of nei it spesjaal basisûnderwiis? En leit it korrizjearre sammelynkommen fan beide âlden ûnder de noarm? Dan betelje jo gjin eigen bydrage.
Oars betelje jo in eigen bydrage foar maksimaal 2 bern de húshâlding.
- Begelieding is primêr in taak fan de âlden. Jo moatte dat sels regelje.
- Learlingeferfier is allinnich ferfier fan hûs nei skoalle en werom.
- Der wurdt gjin fergoeding mei weromwurkjende krêft betelle.
- Bepaal de koartste rûte yn de ANWB rûteplanner.
- Learlingeferfier freegje jo oan by de gemeente dêr't it bern lange tiid ferbliuwt. Dat kin in oare gemeente wêze as dêr't it bern ynskreaun stiet.
- By ko-âlderskip moatte beide âlden in oanfraach ynleverje. Dat moat by de gemeente dêr't sy lange tiid ferbliuwe.
- In learling yn it (fuortset) spesjaal ûnderwiis dy't yn in ynternaat of pleechgesin wennet, kin ûnder bepaalde betingsten yn 'e beneaming komme foar wykein- en fakânsjeferfier.
- In learling dy't lange tiid earne oars ferbliuwt fanwegen medyske redenen en dêr ek nei skoalle giet, komt net yn 'e beneaming foar wykeinferfier.
Wolle jo mear witte oer wat de wetlike regels binne fan it learlingeferfier? Lês de gearfetting fan de feroardering. De folsleine feroardering stiet op Overheid.nl.
Learlingeferfier oanfreegje
Hawwe jo de ynformaasje lêzen en wolle jo learlingeferfier oanfreegje? Meitsje dan gebrûk fan it online frageformulier. Jo hawwe dêr DigiD foar nedich.
Learlingeferfier oanfreegje (skoaljier 2024/2025)
Learlingeferfier oanfreegje (skoaljier 2025/2026)
Slagget it oanfreegjen mei jo eigen DigiD net? Stjoer dan in mail nei gemeente@smallingerland.nl. Dêrnei stjoere wy jo it oanfraachformulier oer de post ta.
Fragen
Hawwe jo fragen oer learlingeferfier? Meitsje dan gebrûk fan it kontaktformulier of mail nei gemeente@smallingerland.nl.