Ynformaasje oer oanbestegingen
De gemeente is by it ynkeapjen fan levering, tsjinsten en wurk bûn oan (Europeeske) oanbestegingswetjouwing. Nasjonale en Europeeske oanbestegingen publisearje wy op Tenderned.
Foar gemeentlike sivyltechnyske wurken (oanlis en ûnderhâld fan wegen en riolearringen) en foar kultuertechnyske wurken (oanlis en ûnderhâld fan grienfoarsjenningen) wurkje wy mei groslisten. Oannimmers op in groslist komme yn oanmerking foar ûnderhânske oanbestegingen. Jo kinne jo oanmelde foar de groslist fan gemeente Smellingerlân.