Utwreidzje of fêstigje yn Smellingerlân

Wolle jo útwreidzje of hawwe jo ideeën om in bedriuw te fêstigjen yn Smellingerlân? Nim dan kontakt op mei ien fan ús accountmanagers om te sjen watfoar lokaasje it bêst by jo past. Ek kinne jo jo fêst oriïntearje hokker bedriuweterrein foar jo ynteressant wêze kin.

De aktuele beskikberens fan de kavels wurdt op de kavelkaart oanjûn en is foar elkenien te rieplachtsjen. Oanfragen foar in reservearring binne mooglik salang't de winske kavel as beskikber op de webside toand wurdt. De oanfragen wurde yn folchoarder fan datum fan ynkommen behannele. Dat is it seleksjekritearium om yn 'e beneaming te kommen foar in kavel.

Ynformaasje oer bedriuweterreinen

Alle ynformaasje oer bedriuweterreinen yn 'e gemeente fine jo op de neikommende websiden:

Beskikbere kavels bedriuweterreinen

Wy hawwe in oantal kavels yn 'e ferkeap. Binne jo ynteressearre yn in kavel? Nim dan kontakt op mei ien fan ús accountmanagers.

Besjoch de beskikbere kavels op elk bedriuweterrein:

Accountmanagers

Foar mear ynformaasje nimme jo kontakt op mei ien fan ús accountmanagers:

Accountmanagers bedriuweterreinen Smellingerlân 
Bedriuweterrein Manager Kontakt
Sintrum Mariska Maase

m.maase@smallingerland.nl

06 820 602 53

Bedriuweterrein De Haven Jelmer van der Meer

j.van.der.meer@smallingerland.nl

06 235 617 33

Bedriuwepark A7 Noord Jeroen van Wijk

j.van.wijk@smallingerland.nl

06 430 149 37