Stipe-oanbod ûndernimmers

Yn Noard-Nederlân sitte ferskate organisaasjes dy't jo as ûndernimmer stypje kinne by de fraachstikken dy't jo hawwe. Bygelyks oer finansieringen, subsydzjes of eksport.

Ynbusiness (www.ynbusiness.nl
It primêre doel fan Ynbusiness is de ûndernimmer krêftich te stypjen by de groei fan it bedriuw. Ynbusiness hat ferskate eksperts op ferskate tema's dy't jo dêrby advisearje kinne.

Innovatiecluster Drachten (www.icdrachten.nl
Innovatiecluster Drachten bestiet út in groep gearwurkjende hightechbedriuwen en ûnderwiisynstellingen yn Noard-Nederlân. Sy rinne foarop mei technyske ynnovaasjes yn produkten en oplossingen wrâldwiid.

SNN en RVO (www.snn.nl / www.rvo.nl
Wolle jo witte watfoar subsydzjeregelingen der lanlik of spesifyk foar Noard-Nederlân binne? Sjoch dan ris op de websiden fan Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) en Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO).

Vereniging Circulair Fryslân (www.circulairfriesland.frl
Hat jo bedriuw ambysjes om sirkulêrder te wurden? Dan kin Circulair Friesland jo stypje.