Personiel sykje
Yn Smellingerlân wurkje wy gear oan in stevige en fleksibele arbeidsmerk, foar no en yn de takomst. De gemeente set har dêr mei ûndernimmers en ûnderwiis foar yn.
Sykje jo wurknimmers?
Us accountmanagers Gerard Hoekstra en Anna Kruit bemiddelje tusken wurkjouwers en wurksikers yn in útkearingssituaasje. Dêrfoar wurkje sy nau gear mei bedriuwen, skoallen, UWV en oare gemeenten. Ek is gemeente Smellingerlân ûnderdiel fan WerkgeversServicepunt Fryslân Werkt!
Us accountmanagers kinne mei jo meitinke en jo ynformearje oer de ferskillende mooglikheden.
Jo kinne kontakt opnimme mei:
- g.hoekstra@smallingerland.nl / 06-83485911
- a.kruit@smallingerland.nl / 06-50070992
Op ynternet kinne jo ek in soad ynformaasje fine. Miskien dat neikommende websiden jo ek fierder helpe kinne:
- www.fryslanwerkt.nl of de LinkedIn-pagina fan Fryslân Werkt!
- LinkedIn-pagina fan Online Banenmarkt Friesland
- www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/participatiewet/