Oanmelde foar groslisten

De gemeente wurket mei groslisten foar sivyltechnyske wurken (oanlis en ûnderhâld fan diken en rioel) en foar kultuertechnyske wurken (Oanlis en ûnderhâld fan grienfoarsjennings). Oannimmers op in groslist komme yn oanmerking foar ûnderhânske oanbestegingen. Meld jo bedriuw oan foar groslisten as jo oan alle easken foldogge.

Oanmelde

Sjoch foar mear ynformaasje oer groslisten yn it Uitnodigingsbeleid Gemeente Smallingerland (pdf).

Wat binne de easken?

Fêstigingsplak

It fêstigingsplak (haad- of njonkenfêstiging) is foar:

  • Oanlis en ûnderhâld fan diken en rioel tusken de € 10.000,- en € 150.000,- yn de gemeente Smellingerlân of maksimaal fiif kilometer bûten de gemeentegrins.
  • Oanlis en ûnderhâld fan grienfoarsjennings tusken de € 10.000,- en € 50.000,- yn de gemeente Smellingerlân of yn ien fan de oangrizende gemeenten.
  • Oanlis en ûnderhâld fan diken en rioel tusken de € 150.000,- en € 1.500.000,-yn ien fan de trije noardlike provinsjes (Fryslân, Grins of Drinte).
  • Oanlis en ûnderhâld fan grienfoarsjennings tusken de € 50.000,- en € 150.000,- yn ien fan de trije noardlike provinsjes.

Referinsjeprojekten

Foar alle groslisten freegje wy in referinsjeprojekt dat útfierd is yn de lêste fiif jier mei in tefredenheidsferklearring fan de opdrachtjouwer. De wearde fan it projekt hinget ôf fan de groslist.

  • Minimaal € 20.000,- foar sivyltechnysk wurk tusken de € 10.000,- en € 150.000,- (inkelfâldich ûnderhânsk);
  • Minimaal € 200.000,- foar sivyltechnysk wurk tusken de € 150.000,- en € 1.500.000,- (mearfâldich ûnderhânsk);
  • Minimaal € 10.000, - foar kultuertechnysk wurk tusken de € 10.000,- en € 50.000,- (inkelfâldich ûnderhânsk);
  • Minimaal € 80.000,- foar kultuertechnysk wurk tusken de € 50.000,- en € 150.000,- (mearfâldich ûnderhânsk).