Kalamiteit of geweld by Wmo-soarch melde
Oanbieders dy't stipe jouwe út de Wmo wei binne ferantwurdlik foar de kwaliteit en feiligens fan de soarch. Jo binne dêrom wetlik ferplichte om kalamiteiten en geweldsynsidinten te melden by de tafersjochhâlder fan de gemeente. Dat dogge jo binnen trije wurkdagen nei it foarfal. Dêrmei helpe jo de kwaliteit fan de soarch te ferbetterjen. Binne jo gjin soarchferliener mar wol belutsen by in kalamiteit of geweldsynsidint yn de Wmo? Dan kinne jo sels ek in melding dwaan.
Kalamiteit of geweldsynsidint melde
Wannear melde
Jo melde alle kalamiteiten en geweldsynsidinten. Tink dêrby oan:
- it ûnferwachts of ûnbedoeld ferstjerren fan in kliïnt.
- elke suïside fan in kliïnt of elk besykjen suïside te begean mei skealik gefolch, dy't mooglik gearhinget mei tekoartkommingen yn 'e soarch.
- elk foarfal dat soarget of soargje kin foar slim of bliuwend lichaamlik letsel.
- elk foarfal dat soarget of soargje kin foar slim psychysk lijen.
- gedrach dat fierstente fier giet, lykas fysyk, psychysk of seksueel misbrûk troch helpferlieners of troch oare kliïnten.
Nei jo melding
Nei jo melding start de tafersjochhâlder Wmo in foarûndersyk nei de kalamiteit of it geweldsynsidint. Wy nimme kontakt mei jo op oer de ferfolchstappen. Yn it Protocol Calamiteiten en Geweldsincidenten lêze jo mear oer it proses.
Ynsidinten by oare soarten soarch
Kalamiteiten en geweldsynsidinten by oare soarchsoarten kinne jo melde by de Inspectie voor Gezondheidszorg en Jeugd (IGJ). Jo kinne dêr ek terjochte foar mear ynformaasje.
Mear ynformaasje
Twivelje jo oft der sprake is fan in kalamiteit of in geweldsynsidint? Nim dan kontakt op mei de tafersjochhâlder Wmo. Jo kinne ús belje op telefoannûmer 0512-581234. Of stjoer in e-mail nei toezichthouderwmo@smallingerland.nl.