Digitaal opkeapersregister

Hannelje jo yn twaddehânsk fytsen? Of ferkeapje jo geregeld brûkte telefoans of laptops? As ûndernimmer wolle jo derop fertrouwe kinne dat it twaddehânsk guod dat jo ynkeapje net stellen is. Meld jo dêrom oan by it digitaal opkeapersloket (DOL) as hanneler en registrearje jo opkocht en ferkocht guod yn it digitaal opkeapersregister (DOR). Dat is ferplichte.

Oanmelde as hanneler

Dit moatte jo witte

  • Gemeente en plysje krije berjocht fan jo oanmelding yn it DOL. Dêrmei foldogge jo gelyk oan de meldplicht.
  • Meld jo fia it DOL oan foar it digitaal opkeapersregister (DOR). Registrearje dêr it opkocht en ferkocht guod. It DOR is fergees.
  • Jo binne ferplichte jo oan- en ferkeapen te registrearjen as jo hannelje yn sieraden, juwielen, elektroanika (telefoans, laptops, tablets) of fytsen.
  • Net elkenien hoecht in register by te hâlden, allinnich as jo hiel regelmjittich (dus net as hobby) in twaddehânsk produkt ynkeapje en dêrnei trochferkeapje.
  • Soargje dat jo register bekrêftige is. De boargemaster hat it DOR bekrêftige.
  • De plysje kriget automatysk berjocht as jo in produkt yn it DOR trochfiere dat as stellen registrearre stiet. De plysje siket dan kontakt mei jo.