Subsydzjeregeling fergrienjen tunen

Om wetteroerlêst, drûchte en hjittestress foar te kommen en de biodiversiteit te ferbetterjen wol de gemeente stien ferfange troch grien. Dat docht de gemeente ûnder de namme Operatie Steenbreek. Operatie Steenbreek is ûnderdiel fan it Klimaatadaptatieplan 2024-2028.

Om dat te stimulearjen stelle wy jild beskikber yn de foarm fan in subsydzjeregeling. Ynwenners, bedriuwen en organisaasjes yn Smellingerlân kinne gebrûk meitsje fan dy subsydzjeregeling.

Wêrom stien ferfange troch grien?

  • In griene tún soarget foar ferkuolling yn 'e simmer; foaral as der beammen yn 'e tún stean.
  • In griene tún hâldt wetter fêst as it reint.
  • In griene tún hat in gruttere fariaasje oan leefomjouwingen en hat sadwaande een positive ynfloed op de biodiversiteit.
  • In griene tún soarget foar in bettere luchtkwaliteit troch de bining fan CO2 en fynstof.
  • In griene tún soarget foar in noflike en ûntspannen leef- en wurkomjouwing.

Hoe wurket it

It subsydzjebedrach is €10,- de kante meter stien mei in maksimum fan €400,- de oanfraach. Wy behannelje de subsydzje-oanfragen op folchoarder fan ynkomst. As it jierlikse subsydzjeplafond berikt is, komt de subsydzje-oanfraach op de reservelist foar it jier dêrop.

Tink derom: oan de subsydzjeregeling binne betingsten ferbûn.

Subsydzje oanfreegje

Jo folje it online formulier yn, of helje in oanfraachformulier op by de baly fan it gemeentehûs. Stjoer by jo oanfraach dúdlike foto's mei fan jo tún mei dêrop it ferstienne part dat jo troch grien ferfange sille.

Subsydzje griene tún oanfreegje

Nei de oanfraach

Binne 3 wike nei ûntfangst fan de oanfraach keare wy it subsydzjebedrach út. Wy kontrolearje fia in stekproef op de útfiering.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe jo bedriuwspân yn de gemeente Smellingerlân.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder skriftlike tastimming fan de eigener.
  • It te fergrienjen oerflak is op syn minst 5 kante meter.
  • Jo feroarje it part dêr't de ferhurding (tegels, beton, asfalt) fuorthelle is troch (krûderyk) gers, blommen, planten, strûken of beammen.
  • Jo kinne maksimaal ien oanfraach yntsjinje. Dy oanfraach slacht op maksimaal ien perseel.
  • De takende subsydzje mei allinnich brûkt wurde as temjittekomming yn de kosten dy't gearhingje mei it fergrienjen fan jo tún.