Subsydzje wolwêzensaktiviteiten

De gemeente kin subsydzje jaan foar wolwêzensaktiviteiten foar ien kear. It giet dan bygelyks om oanfragen foar aktiviteiten foar jongerein, âlderein of frijwilligers.

Tink derom: Dy subsydzje is in bydrage. It dekt in part fan 'e kosten. De subsydzje is net bedoeld om alle kosten fan 'e aktiviteit te fergoedzjen.

Betingsten

Freegje in subsydzje foar ien kear op syn minst 8 wike foar it begjin fan de aktiviteiten oan. Foar dy subsydzje jilde in tal betingsten. Dy binne ôfhinklik fan it soarte aktiviteit of evenemint. De betingsten fine jo op overheid.nl.

Oanfreegje

Oanfreegje fan de subsydzje kinne jo fluch en ienfâldich online regelje.

Subsydzje foar ien kear oanfreegje