Subsydzje opslach en brûken fan himelwetter

Troch klimaatferoaringen krije wy hieltyd faker te krijen mei ekstreme reinbuien en lange perioaden fan hjitte en drûchte. Ekstreme reinbuien soargje foar wetteroerlêst wylst yn perioaden fan hjitte en drûchte ûnder mear de druk op ús drinkwetterfoarsjenning tige tanimt.

Opslach en brûken fan reinwetter

In mooglike maatregel is it oanlizzen fan in systeem foar de opslach en it brûken fan reinwetter. Dat systeem tsjinnet as buffer by fûle rein en ferleget sadwaande de kâns op wetteroerlêst. Fierders soarget it foar in leger gebrûk fan drinkwetter. Dat soarget foar in ferleging fan de druk op de drinkwetterfoarsjenning yn in perioade fan hjitte en /of drûchte. Under de namme 'systeem' falle de opslachtank foar himelwetter en de húshâldwetterynstallaasje.

Himelwetter is geskikt foar de waskmasine, it spielen fan it húske en it brûken bûtendoar. Foar oare tapassingen is it himelwetter neffens wetjouwing spitigernôch net geskikt. Fierders is in dúdlik ûnderskied tusken himelwettersysteem en drinkwettersysteem needsaaklik om ferminging (kontaminaasje) fan drinkwetter mei himelwetter foar te kommen.

Hoe wurket it systeem

It systeem foar de opslach en it opnij brûken fan himelwetter bestiet út in tal ûnderdielen. Om te begjinnen is der in opslachtank mei pomp, filter (foar rûch materiaal lykas blêden) en flotter. It wetter wurdt fan it dak ôf nei dy tank fierd en dêryn opslein. Fierders rint der in drinkwetterlieding nei de tank om yn drûge perioaden derfoar te soargjen dat wetter beskikber bliuwt.

Fan de tank ôf rint in lieding nei de wenning dêr't it wetter ferdield wurdt nei it húske, de waskmasine en de bûtenkraan. Dêr is in dúdlik ûnderskied tusken himelwettersysteem en drinkwettersysteem needsaaklik om ferminging fan drinkwetter mei himelwetter foar te kommen. Yn 'e hûs kin noch in filtersysteem pleatst wurde om de kleur en rook fan it wetter te ferbetterjen. Fierders hinget der yn 'e hûs in display foar de nivometer (flotter) yn de tank.

Ek is it needsaaklik om in oerstoart yn te bouwen sadat der yn ekstreme situaasjes wetter lost wurde kin of der genôch bufferkapasiteit kreëarre wurde kin by kommende swiere buien. It oerstoart is leafst oansletten op it oerflaktewetter of it wetter kin ynfiltrearje op eigen terrein. Pas as dy opsjes net mooglik binne, kin der in oansluting kreëarre wurde op it (rein)wetterrioel.

It wichtichst is dat it systeem foldocht oan de jildende wetlike easken en noarmen. Troch dy noarmen krekt te folgjen kin de feiligens en kontinuïteit fan it systeem garandearre wurde.

Subsydzjeregeling

Gemeente Smellingerlân jout bewenners/partikulieren de mooglikheid om subsydzje oan te freegjen foar de oanlis fan in systeem foar de opslach en it brûken fan himelwetter.

Hoe wurket de regeling

Oan dy subsydzje binne betingsten ferbûn. Lês de tekst goed foardat jo in oanfraach dogge.

Oanfraach

  • Jo freegje in offerte oan by in (erkend) bedriuw of bedriuwen dy't ûnderfining hawwe mei it oanlizzen fan de systemen foar de opslach en it brûken fan himelwetter.
  • Jo folje it online formulier op de webside fan de gemeente yn mei de neikommende dokuminten as taheakken:
  • offerte foar de oanlis fan it systeem foar de opslach en it opnij brûken fan reinwetter;
  • ûntwerp/technyske gegevens fan it systeem dat foldocht oan de noarmen yn de betingsten;
  • as jo hierder binne: skriftlike tastimming fan de eigener fan it pân;
  • plattegrûn mei dêrop de lokaasje fan de opslachtank en de dêrop oansletten oan- en ôffierliedingen.

Subsydzje oanfreegje

Nei de oanfraach

  • Jo krije binnen 4 wike in beslút fan de gemeente op jo subsydzje-oanfraach oft de subsydzje wol of net ferliend wurdt.
  • Nei goedkarring fan de gemeente kinne jo it wurk útfiere litte. Dêr jildt in termyn fan 4 moanne nei goedkarring foar.
  • Jo stelle de gemeente op 'e hichte as de opslachtank pleatst wurdt, sadat de gemeente by it pleatsen oanwêzich wêze kin.
  • As it wurk dien is, stjoere jo in faktuer fan de oanskaf en oanlis (troch it útfierende bedriuw of bedriuwen) nei de gemeente.
  • Dan meitsje jo mei de gemeente in ôfspraak foar de kontrôle op deugdlikens fan it systeem.
  • Op basis fan de faktuer en de kontrôle stelt de gemeente de subsydzje fêst. As de faktuer of de kontrôle dêr reden ta jout, kin de subsydzje ek leger fêststeld wurde as ynearsten ferliend is.
  • Jo krije de subsydzje binnen 4 wike nei de kontrôle en fêststelling troch de gemeente.

Betingsten

  • Jo wenje yn 'e gemeente Smellingerlân.
  • Jo binne eigener fan de wenning en/of it perseel of hawwe as hierder skriftlik tastimming fan de eigener.
  • It horizontaal dakoerflak fan jo wenning is op syn minst 40 m2.
  • De opslachtank hat in minimale kapasiteit fan 5.000 liter/5 m3.
  • It systeem moat ûntwurpen en oanlein wurde neffens wetterwurkblêd 4.7.
  • Jo soargje derfoar dat oerstallich himelwetter ôffierd wurdt fia it oerflaktewetter, himelwetterrioel ensafuorthinne.
  • Jo binne sels ferantwurdlik foar it kiezen fan in bedriuw of bedriuwen dy't oan dizze noarmen foldwaan kinne.
  • Ferminging (kontaminaasje) fan drinkwetter mei himelwetter moat foarkaam wurde. Liedingen fan it himelwettersysteem moatte dúdlik markearre wêze.
  • Jo kinne maksimaal ien oanfraach it perseel yntsjinje. Dy oanfraach slacht op maksimaal ien perseel.

De subsydzjeregeling is allinnich bedoeld foar twa groepen bewenners/partikulieren:

  • Partikulieren dy't op eigen perseel in opslachtank foar himelwetter mei in húshâldwetterynstallaasje oanlizze wolle, sawol by nijbou as besteande bou;
  • Partikulieren dêr't by nijbou op harren perseel in opslachtank foar it opfangen fan himelwetter oanlein is en dy't dy tank no oanslute wolle troch in húshâldwetterynstallaasje. By dy groep wurde allinnich de kosten foar de húshâldwetterynstallaasje subsidiearre.

De takende subsydzje mei allinnich brûkt wurde as temjittekomming yn de kosten dy't gearhingje mei de oanskaf en oanlis fan it systeem foar de opslach en it opnij brûken fan himelwetter. Oanlis fan it systeem en betelling fan de rekken moat plakhawwe binnen 4 moanne neidat de subsydzje ferliend is.

De gemeente hat foar de subsydzje oangeande de opslach en it opnij brûken fan himelwetter in subsydzjeplafond fan €30.000,- it jier. Wy behannelje de subsydzje-oanfragen op folchoarder fan ynkomst. De datum fan ynkomst is it momint dat de oanfraach kompleet is. De subsydzjeregeling wurdt útsteld as it subsydzjeplafond berikt is. Dat wurdt op 'e tiid op de gemeentlike webside bekendmakke. As it subsydzjeplafond net berikt is, einiget de regeling op 31 desimber 2024.

Hichte subsydzje

De hichte fan de subsydzje is 50% fan de totale kosten (eksklusyf btw) mei in maksimum fan €3.000,- de oanfraach.

Oandachtspunten

  • Wy advisearje jo om in (ûndergrûnske) tank fan 7500 liter/7,5 m3 oan te lizzen om ek yn in lange perioade fan drûchte genôch reinwetter ta jins beskikking te hawwen en sadwaande oanfolling mei liedingwetter safolle mooglik foar te kommen.
  • Wy advisearje rekken te hâlden mei de (opgeande) druk fan it grûnwetter. Yn guon gefallen kin it ferankerjen fan de opslachtank needsaaklik wêze.
  • Wy advisearje om maatregels te nimmen tsjin skea troch foarst. Tink bygelyks oan it djip genôch oanlizzen fan de liedingen en ûndergrûnske opslachtank.
  • Foar in goede oansluting en útfiering fan de wurksumheden advisearje wy dat jo, of de oannimmer, in KLIC-melding dogge en de lêgerynformaasje fan it rioel opfreegje.

Kontakt

Wy stean as gemeente altyd iepen foar it beäntwurdzjen fan fragen. Dêrfoar kinne jo maile nei gemeente@smallingerland.nl of belje nei 0512 581 234.