Subsydzje kultuer en kultuerhistoarje
De gemeente jout subsydzje foar ynsidintele aktiviteiten op it mêd fan kultuer en kultuerhistoarje. Freegje in ynsidintele subsydzje op syn minst 8 wike foar it begjin fan de aktiviteiten oan.
Ynsidintele subsydzje oanfreegje
Dit moatte jo witte
- Yn it ferline wie it mooglik om ynsidintele subsydzjes foar sportaktiviteiten oan te freegjen. Dy regeling is fan 1 jannewaris 2020 ôf ferfallen.
- Foar jierlikse aktiviteiten op it mêd fan keunst, kultuer, wolwêzen, soarch én sport jout de gemeente strukturele subsydzje. Ynstellingen en ferieningen dy’t dêr foar yn 'e beneaming komme, krije automatysk berjocht. Tsjinje jo oanfraach foar 1 maaie yn. Jo krije it beslút yn desimber.
- Sjoch foar de betingsten by de Beliedsregels subsydzjes wolwêzen, kultuer en sport’.