Subsydzje griene dakken
Troch klimaatferoaring krije wy nammentlik hieltyd faker te krijen mei ekstreme reinbuien. Sadwaande kin it rioel, en úteinlik de wetterberging (fiver of sleat) oerbelêste reitsje. De gemeente en it wetterskip wolle it reinwetter langer fêsthâlde op it plak dêr't it falt. De gemeente jout bewenners, organisaasjes en bedriuwen dêrom subsydzje foar de oanlis fan griene dakken. Griene dakken kinne wetteroerlêst beheine.
Twa soarten griene dakken
Der binne twa typen griene dakken: yntinsive en ekstinsive griene dakken.
- Yntinsive dakken hawwe faak in funksje as daktún en dêr kinst op rinne. Op dy dakken kinne allerhande planten brûkt wurde.
- Ekstinsive dakken binne dakken dêr'tst net op rinne kinst. As beplanting wurdt faak sedum, gers en/of in krûdemingsel brûkt.
Ekstinsive griene dakken binne goedkeaper yn oanlis en ûnderhâld dan yntinsive griene dakken.
De foardielen fan griene dakken
Der sitte in soad foardielen oan it hawwen fan in grien dak, tink dêrby oan:
- It fertraagjen fan de reinôffier en dêrtroch it beheinen fan wetteroerlêst.
- Isolaasje fan waarmte en lûd.
- Goede behearsking fan it klimaat yn simmer en winter.
- In dakkonstruksje dy’t langer meigiet.
- In grienere leefomjouwing foar planten en bisten (foaral foar bijen, flinters en fûgels) en dêrtroch in hegere biodiversiteit.
- Minder opwaarmjen fan de omjouwing en sadwaande in sûner leefklimaat.
De gemeente hat yn de ôfrûne tiid by in tal gebouwen griene dakken oanlein, bygelyks op it gemeentehûs en MFC Rottevalle (ClimateScan). Dêrneist hat de gemeente in grut tal inisjativen stimulearre troch dizze subsydzjeregeling. Sjoen it sukses wol de gemeente bewenners, bedriuwen en organisaasjes graach bliuwend de kâns jaan om tsjin redusearre kosten sels in grien dak (sawol yntinsyf as ekstinsyf) oan te lizzen.
Oanfraach subsydzje
Jo folje it online formulier yn mei de neikommende dokuminten as bylagen:
- Offerte foar it leverjen en/of de oanlis fan it griene dak.
- Plattegrûn fan jo perseel mei dêr dúdlik op oanjûn hokker dak of part fan it dak it om giet.
- Foto fan de boppekant fan jo dak.
- Beskriuwing mei tsjokte fan de substraatlaach en type drainaazjeplaat.
- Skets fan de opbou fan it griene dak.
- As jo hierder binne: skriftlike tastimming fan de eigener fan it pân.
Subsydzje griene dakken oanfreegje
Nei de oanfraach
Wat kinne jo ferwachtsje neidat jo in oanfraach yntsjinne hawwe?
- Jo krije binnen 4 wike in reaksje fan de gemeente.
- Nei goedkarring fan de gemeente kinne jo it wurk útfiere litte en de rekken betelje. Dêrfoar jildt in termyn fan 4 moanne nei de goedkarring.
- Nei it ôfsluten fan it wurk tsjinje jo de rekken yn.
Is de subsydzje goedkard? Dan krije jo de subsydzje binnen 3 wike nei it yntsjinjen en goedkarring fan de rekken.
Subsydzjeplafond
De gemeente hat foar de subsydzje foar de oanlis fan griene dakken in subsydzjeplafond fan €20.000,- it jier. Wy behannelje de subsydzje-oanfragen op folchoarder fan ynkomst. De subsydzjeregeling wurdt útsteld as it subsydzjeplafond berikt is. Dat wurdt bytiids kommunisearre fia de webside fan de gemeente.
Hichte subsydzje
- € 30,- euro de kante meter foar oerflakten oant 75 kante meter.
- € 20,- euro de kante meter foar oerflakten fan 75 oant 200 kante meter.
- € 10,- euro de kante meter foar oerflakten fan 200 oant 1.000 kante meter.
It maksimumbedrach foar bewenners is € 3.000,- de oanfraach.
It maksimumbedrach foar bedriuwen/organisaasjes is € 12.000,- de oanfraach.
Oandachtspunten
- It oanlizzen fan it griene dak meie jo ek sels dwaan.
- Lit de sterkte fan de dakkonstruksje checke troch in boukundige, sadat jo der wis fan binne dat it dak sterk genôch is foar de oanlis fan in grien dak.
- Der hat kontrôle plak fia in stekproef.
Betingsten
Der binne in tal betingsten dêr't de oanfraach oan foldwaan moat:
- Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
- Jo oanfraach giet oer maksimaal ien perseel en oer maksimaal ien kategory (bewenners of organisaasjes/bedriuwen) yn de gemeente Smellingerlân.
- De helling fan it dak is net mear as 65°.
- De substraatlaach is minimaal 5 sm.
- Jo passe in wetterbufferjende drainaazjeplaat ta.
- Jo bringe in woartelkearende laach oan om sa lekkaazjes foar te kommen.
De takende subsydzje mei allinnich brûkt wurde as temjittekomming yn de kosten dy't gearhingje mei de oanskaf en/of oanlis fan it griene dak. Oanlis fan it griene dak en betelling fan de rekken moat plakhawwe binnen 4 moanne nei goedkarring fan de gemeente.