Pjutte-opfangsubsydzje

De kosten foar pjutte-opfang betelje jo yn prinsipe sels. Wat jo betelje moatte hinget ôf fan jo ynkommen, bydragen fan de belesting of subsydzje. Yn de measte gefallen krije jo berne-opfangtaslach fan de Belestingtsjinst. Hawwe jo dêr gjin rjocht op, dan kinne jo miskien in bydrage fan de gemeente krije.

Dit moatte jo witte

Jo komme yn 'e beneaming foar subsydzje fan de gemeente:

  • as jo allinnichsteand binne en gjin ynkommen hawwe út wurk.
  • as jo mei in partner binne en ien fan jim beiden of jim allebeide gjin ynkommen út wurk hawwe.

Yn alle oare gefallen komme jo yn 'e beneaming foar de berne-opfangtaslach fan de Belestingtsjinst.

Tabel âlderbydrage pjutte-opfang 2025

As jo gjin rjocht hawwe op berne-opfangtaslach, kinne jo foar de pjutte-opfang in bydrage yn de kosten fan de gemeente krije. Jo moatte dan noch wol hieltyd in âlderbydrage betelje. De âlderbydrage is ôfhinklik fan jo ynkommen. Yn Smellingerlân binne 5 oanbieders foar pjutte-opfang, nammentlik Kinderwoud, Kleurrijk, Vandaag Kinderopvang, Us Stekje en Eigen&Wijzer. M.O.S. docht de administraasje foar dy bydrage. As jo in oanfraach dwaan wolle foar in bydrage, kinne jo de pjutte-opfang fan jo bern freegje of sels kontakt opnimme mei M.O.S. fia 0512 51 55 98 of www.mosweb.nl

Yn 2025 jilde de neikommende bedraggen:

Mienskiplik toetsingsynkommen húshâlding 2025

Alderbydrage pjutte-opfang 2025 foar elk oere

1e bern

2e bern e.f.

Leger as

€23.311

€0,43

(2024: 0,41)

€0,43

(2024: €0,41)

€23.212

€35.687

€0,43

(2024: €0,52)

€0,43

(2024: €0,45)

€35.688

€49.108

€0,44

(2024: €1,11)

€0,43

(2024: €0,56)

€49.109

€66.794

€0,89

(2024: €1,73)

€0,58

(2024: €0,57)

€66.795

€96.010

€2,23

(2024: €3,01)

€0,88

(2024: €0,84)

€96.011

€133.045

€4,43

(2024: €5,12)

€1,37

(2024: €1,31)

€133.046

en heger

€6,91

(2024: €6,80)

€2,56

(2024: €2,45)