Isolaasjesubsydzje oanfreegje
Spesjaal foar húseigeners mei in min isolearre wenning stelt gemeente Smellingerlân in subsydzje beskikber foar it isolearjen fan de wenning.
As jo yn 'e beneaming komme foar de subsydzje, krije jo €2.000,- om te besteegjen oan isolaasje yn jo wenning. Jo komme yn 'e beneaming foar dy subsydzje as jo hûs noch net goed isolearre is én de WOZ-wearde fan jo hûs leger is as €285.000,- (peildatum 2022).
Hoe dogge jo mei?
Jo kinne meidwaan fia it Energieloket, Duurzaam Bouwloket fan gemeente Smellingerlân. Folje op de webside jo postkoade en húsnûmer yn en jou antwurd op in tal fragen. Op dy webside fine jo ek alle betingsten fan de aksje.
Wat hâldt de subsydzje yn?
Jo kinne jild oanfreegje om jo spoumuorre, dak, flier, boaiem en/of ruten te isolearjen of isolearje te litten. Jo kinne kieze út:
- Isolaasje troch in bedriuw oanbringe litte en gemeente betellet de rekken.
- In meiwurker fan in isolaasjebedriuw komt by jo thús en sjocht hokker isolaasje mooglik is. Jo krije in offerte fan de kosten. Neidat jo ynstimme mei de offerte, komt it bedriuw om de isolaasjemaatregels út te fieren. De gemeente betellet de rekken oant €2.000,-. Binne de kosten heger, dan betelje jo sels it ferskil by.
- Sels in bedriuw regelje en earst sels betelje.
- Jo kieze sels in bedriuw dat jo hûs isolearje kin. Jo betelje de rekken sels en leverje dêrnei de rekken by de gemeente yn. Jo krije it bedrach dat jo betelle hawwe fan ús werom oant €2.000,-. Jo krije it jild op syn lêst 6 wike nei oanfraach weromstoart.
- Doch it sels.
- Jo keapje de produkten sels by ien fan de oansletten boumarkten en bringe it isolaasjemateriaal sels oan. It materiaal dat jo dêr foar brûke moat oan de betingsten foldwaan. Alle betingsten stean op de webside fan it Enerzjyloket. Tink derom: de opsje om it sels te regeljen is op dit stuit noch net mooglik. Wierskynlik is dat mooglik fan septimber 2024 ôf. Jo kinne wol no al jo gegevens efterlitte. Jo krije dan in melding as de voucher beskikber is.
Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynformaasje en de betingsten op Duurzaam Bouwloket gemeente Smallingerland.