Wmo-ferfier: sa wurket it
Kinne jo troch omstannichheden net of lestich mei it iepenbier ferfier reizgje? Miskien kinne jo dan gebrûk meitsje fan it Wmo-ferfier. Mei it Wmo-ferfier kinne jo binnen in bepaald gebiet mei de taksy reizgje. Op dizze side lêze jo hoe't it Wmo-ferfier wurket.
Hawwe jo in Wmo-ferfierspas?
Jo kinne allinnich gebrûkmeitsje fan it Wmo-ferfier as jo dêr in yndikaasje foar hawwe. Mei dy yndikaasje krije jo in Wmo-ferfierspas. Hawwe jo noch gjin Wmo-ferfierspas, mar tinke jo dat jo Wmo-ferfier nedich hawwe? Nim dan kontakt op mei Carins. Dêr kinne se jo fertelle oft jo dêrfoar yn 'e beneaming komme en hoe't jo in oanfraach dogge.
Wannear kinne jo reizgje?
It Wmo-ferfier rydt it hiele jier, sân dagen yn 'e wike. Jo kinne reizgje tusken 08.30 oere en 00.00 oere.
Wat kostet in rit?
Foar elke rit betelje jo:
- € 2,70 om yn te stappen, en
- € 0,20 de kilometer.
In rit bestelle
Jo bestelle jo rit op syn minst ien oere yn 't foar by it taksybedriuw. De ferfierder freget nei jo:
- pasnûmer
- bertedatum
- opheladres
- bestimming
- winske oankomsttiid
De ferfierder fertelt jo hoe let de taksy komt om jo op te heljen. Dat is in rjochttiid. De taksy mei maksimaal fyftjin minuten earder of letter komme.
Fan doar ta doar
It Wmo-ferfier bringt jo fan doar ta doar. In haadyngong of sintrale ûntfangsthal jildt ek as doar.
Hoe fier kinne jo reizgje?
Jo kinne yn prinsipe oant 25 kilometer fan jo wenadres ôf reizgje mei it Wmo-ferfier. Sikehuzen yn de stêd Grins en de provinsje Fryslân falle dêr ek ûnder. Wolle jo fierder reizgje as it gebiet fan it Wmo-ferfier? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan Valys.
Reizgje bûten de regio mei Valys
Valys is ornearre foar minsken mei in mobiliteitsbeheining dy't bûten harren eigen regio reizgje wolle, bygelyks foar famyljebesite of in útstapke. Jo kinne Valys brûke as jo fierder reizgje as 5 iepenbier ferfier-sônes of 25 kilometer fan jo wenadres ôf. In Valys-pas oanfreegje kin fia www.valys.nl. Jo kinne ek belje mei 0900-9630.
Hoefolle kilometer it jier kinne jo reizgje?
It hinget fan jo yndikaasje ôf hoefolle kilometer it jier jo mei it Wmo-ferfier reizgje kinne. Hawwe jo gjin oare mooglikheid om te reizgjen? Dan meie jo maksimaal 1.500 kilometer it jier reizgje.
Reizgje mei medyske begelieding
Hawwe jo by de rit medyske begelieding nedich? Dan kinne jo dêr tastimming foar oanfreegje by Carins. Carins beoardielet oft begelieding by de rit nedich is. Hawwe jo tastimming foar medyske begelieding? Dan reizget jo begelieder fergees mei. Dat stiet op jo ferfierspas.
Reizgje mei in oare begelieder
Jo meie ek ien meinimme dy't jo helpt by de reis, mar gjin medyske begelieder is. Dy begelieder betellet foar elke rit it normale taryf fan de ferfierder. Wolle jo witte wat de rit kostet? Freegje dat dan oan de ferfierder.
Reizgje mei bern
Jo meie maksimaal twa bern oant en mei 12 jier fergees meinimme. Nimme jo mear bern mei? Of binne de bern âlder as 12 jier? Dan betelje sy it normale taryf fan de ferfierder.
Fragen oer it Wmo-ferfier?
Hawwe jo fragen oer it Wmo-ferfier of oer jo Wmo-ferfierspas? Nim dan kontakt op mei Carins fia telefoannûmer 088 50 65 400 of e-mail: contact@carins.nl
Wolle jo in rit bestelle of hawwe jo in fraach oer in rit? Nim dan kontakt op mei Taxi Dorenbos fia telefoannûmer 058 21 30 000 of e-mail: info@taxidorenbos.nl
Boppesteande jildt fan 1 augustus 2026 ôf.