Taslagge-affêre berne-opfang
De Belestingtsjinst hat flaters makke by it takennen fan Berne-opfangtaslach. Dat wurdt ek wol de taslagge-affêre neamd. As jo dêrtroch troffen binne, wurde jo kompensearre troch de Belestingtsjinst. Mar soms is dy kompensaasje net genôch. Der kinne ek problemen op oare flakken ûntstean. As jo troffen binne troch de taslagge-affêre, dan komme wy graach mei jo yn kontakt.
Beneidiele troch flaters Belestingtsjinst
Wy biede as gemeente help oan minsken dy't troch dy flaters fan de Belestingtsjinst beneidiele binne. De Belestingtsjinst hat de gemeente machtige om kontakt op te nimmen mei dupearre ynwenners. Fanwegen de privacywetjouwing wie dat earder net mooglik. De kontaktpersoanen foar de taslagge-affêre, Laura Blom en Jantina Agricola, wurkje by Carins. Sy harkje nei jo ferhaal en advisearje en stypje as dat nedich is. Sy witte hokker regelingen en mooglikheden der binne yn de gemeente Smellingerlân. Sa hoege jo net alles sels út te sykjen. Sy helpe jo by finansjele fragen, mar ek by fragen oer sûnens, wurk, húshâlding, relaasjes, opfieding en wenjen. Dy help is frijbliuwend.
De kontaktpersoanen taslagge-affêre binne op wurkdagen te berikken op 088 50 65 400. Kontakt fia de mail: toeslagen@carins.nl. Sjoch foar mear ynformaasje op www.carins.nl.
Melding dwaan by Belestingtsjinst
As jo jo noch net melden hawwe by de Belestingtsjinst, belje dan ek mei it spesjale Serviceteam dupearren Berne-opfangtaslach: 0800 2 358 358. Sy binne berikber fan moandei o/m tongersdei fan 08.00 oant 20.00 oere en op freed fan 08.00 oant 17.00 oere.
Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynformaasje ek op de spesjale pagina fan de Belestingtsjinst.