Stipe mantelsoargers
Soargje jo foar in neiste dy't lang siik is, in beheining hat of ferlet hat fan help? Dan binne jo mantelsoarger. Ek as de soarch fanselssprekkend fielt. Lykas soarch foar jo bern of sike âlder.
Wat is mantelsoarch?
Mantelsoarch is alle help oan ien dy't ferlet hat fan help troch ien út syn direkte sosjale omjouwing. Ek minder yntinsive help lykas help oan húsgenoaten en help oan ynstellingsbewenners falle dêrûnder. Mantelsoarch is help dy't fierder giet as de saneamde 'gebrûklike help'.
Stipe mantelsoarch
Mantelsoarch kin in soad tiid yn beslach nimme. Miskien hawwe jo fragen dêr't jo gjin antwurden op fine kinne. Of soene jo graach yn kontakt komme wolle mei minsken dy't itselde ûnderfine as jo. Maatschappelijke Onderneming Smallingerland (M.O.S.) koördinearret de stipe en aktiviteiten foar mantelsoargers yn de gemeente Smellingerlân. M.O.S. helpt jo mei ynformaasje en advys oer mantelsoarch.
M.O.S.
By M.O.S. kinne jo jo registrearje litte as mantelsoarger. M.O.S. biedt jo, as jo dat wolle, in petear oan om yn 'e kunde te kommen mei in meiwurker. Yn dat petear kinne jo oer jo situaasje fertelle. De meiwurker tinkt mei jo mei oer hokker stipe en aktiviteiten der yn de gemeente Smellingerlân foar jo binne. As jo dat wolle, dan kin M.O.S. jo op 'e hichte hâlde fan de aktiviteiten foar mantelsoargers yn de gemeente Smellingerlân.
Wolle jo mear ynformaasje of wolle jo jo registrearje? Nim dan kontakt op mei M.O.S. Smellingerlân 0512 334 112 of mantelzorg@mosweb.nl. Of sjoch op www.mosweb.nl of kom del by it mantelsoarchkafee.
Mantelsoarchkafee M.O.S.
Op tiisdeitemoarn fan 10.00 oant 11.30 oere yn de even wiken organisearret M.O.S. it mantelsoarchkafee. By dy oanrin yn de buertseal fan Brede Skoalle De Drait is der in professional dy't in harkjend ear biede kin oan mantelsoargers. Mantelsoargers kinne oanjaan wêr't sy tsjinoan rinne en harren fragen stelle. Sy kinne ek oare mantelsoargers moetsje en mei-inoar yn petear gean. Elkenien is fan herte wolkom. Oanmelde is net nedich.
Mantelsoarchkomplimint fan gemeente Smellingerlân
Mantelsoargers binne belangryk en weardefol. Om mantelsoargers te betankjen biedt de gemeente it mantelsoarchkomplimint oan. Dat is in bedrach fan €100 it kalinderjier foar jo as mantelsoarger. Om it komplimint oan te freegjen, moatte jo oan de neikommende betingsten foldwaan:
- Dyjinge foar wa't jo mantelsoarger binne (de mantelsoarchfreger) wennet yn de gemeente Smellingerlân.
- Jo ferliene 8 oeren wyks of mear mantelsoarch.
- Jo ferliene al langer as 3 moanne mantelsoarch.
- Jo hawwe in dit kalinderjier noch gjin mantelsoarchkomplimint oanfrege.
Oanfreegje mantelsoarchkomplimint
Hawwe jo help nedich by it online oanfreegjen fan it komplimint? Nim dan kontakt op mei M.O.S. Smellingerlân 0512 334 112 of mantelzorg@mosweb.nl. Of sjoch op www.mosweb.nl of kom del by it mantelsoarchkafee.