Jildsoargen: wês der op tiid by (Vroegsignalering)
Soms slagget it net om de rekkens op 'e tiid te beteljen. Bygelyks foar de hier, de soarchfersekering, de enerzjy- of wetterrekken. It bedriuw dêr't jo rekken noch iepenstiet, jout dat dan troch oan de gemeente. Dat moat neffens de wet. Sa kin de gemeente jo sa betiid mooglik helpe by jildsoargen.
Hoe kin de gemeente helpe?
Sa gau't de gemeente heard hat dat jo in net-betelle rekken hawwe, krije jo berjocht fan ús. Dat kin in brief wêze, in e-mail, in sms'ke of in telefoantsje. Yn guon gefallen komt der in meiwurker fan de gemeente by jo thús del.
It doel is altyd itselde: de gemeente wol jo helpe om de jildsoargen op te lossen.
Bygelyks troch tegearre mei jo jo jildsaken te besjen en út te sykjen oft jo miskien rjocht hawwe op bepaalde taslaggen of oare regelingen. De help is fergees en jo sitte nearne oan fêst.
Wat kin ik sels dwaan?
Jo kinne fansels ek sels kontakt opnimme mei it bedriuw by wa't jo de net-betelle rekken hawwe. Miskien kinne jim mei-inoar in oplossing betinke. Leaver tegearre mei ien fan de gemeente? Nim dan kontakt op mei de meiwurkers fan Team Vroegsignalering. Dan sjogge wy mei-inoar nei de goede help. Sa helpt de gemeente foar te kommen dat jo jildsoargen grutter wurde.
Hawwe jo gjin brief fan ús krigen, mar hawwe jo wol jildsoargen? Nim dan kontakt op mei Carins. Carins helpt en stipet by jildproblemen of jildsoargen. Carins is berikber fia:
- Telefoannûmer: 088 506 5400 (op wurkdagen tusken 08.30 oere en 17.00 oere)
- Besykadres: Mûne-ein NK 56 yn Drachten
- Webside: Schuld & financiën - Carins
Wy hawwe de meast stelde fragen sammele en jouwe dêr antwurd op.
Hoe komme jimme oan myn gegevens?
Fan 1 jannewaris 2021 ôf binne de neikommende bedriuwen wetlik ferplichte om betellingsefterstannen oan ús troch te jaan:
- Enerzjybedriuwen
- Wettermaatskippijen
- Soarchfersekeringen
- Ferhierders
Dat is regele yn de feroare Wet gemeentlike skuldhelpferliening (Wgs). De neamde bedriuwen binne ferplichte om earst sels mei jo kontakt te sykjen om in oplossing te finen foar jo betellingsefterstân. As dat net slagget, jouwe sy jo gegevens oan ús troch. Yn de brieven dy't jo fan dy bedriuwen krije, stiet ek hoe't jo oanjaan kinne dat jo net wolle dat jo gegevens trochjûn wurde oan de gemeente.
Hokker organisaasjes jouwe ynformaasje troch?
De gemeente kriget gegevens troch fan:
- Enerzjybedriuwen
- Wettermaatskippijen
- Soarchfersekeringen
- Ferhierders
Wat kostet de help by de gemeente?
Help by de gemeente is altyd fergees.
Hoe sit it mei myn privacy?
As jo net wolle dat jo gegevens trochjûn wurde oan de gemeente, dan moatte jo dat sels trochjaan oan de bedriuwen. Dat kinne jo dwaan by jo ferhierder, jo soarchfersekerder, jo wetterbedriuw en jo enerzjyleveransier.
De gemeente brûkt jo gegevens allinnich om kontakt mei jo op te nimmen. Yn de privacyferklearring fine jo alle ynformaasje oer hoe't de gemeente omgiet mei jo gegevens. Dêr stiet ek hoe't jo in klacht yntsjinje tsjin de ferwurking fan jo gegevens.
Wat docht de gemeente mei myn gegevens?
De gemeente hat in befeilige systeem dêr't de gegevens op in goede wize yn trochjûn en opslein wurde. Dat systeem foldocht oan de easken fan de privacy (de wet AVG). Mei de bedriuwen dy't gegevens oanleverje binne ôfspraken makke oer de beskerming fan jo gegevens en jo privacy.
De gemeente docht oan elkenien dêr't sy in sinjaal fan krije in helpoanbod. Dat kin mei in brief, mail, sms, telefoantsje of húsbesite wêze.
Ik haw myn rekken al betelle, wat no?
Wat moai dat jo de rekken al betelle hawwe. It kin wêze dat jo jo noch hieltyd soargen meitsje oer jo jildsaken. Jo binne de iennichste net. By in soad minsken jout in betellingsefterstân in soad soargen. Meastentiids is der wol in oplossing mooglik. It is belangryk om fluch help te freegjen.
De gemeente kin jo fergees helpe mei:
- advys oer jo jildsaken, ek as jo gjín skulden hawwe;
- oanfragen fan regelingen foar ekstra jild;
- it meitsjen fan in budzjetoersjoch.
Kontakt
Team Vroegsignalering helpt jo om foar te kommen dat jo fierder yn finansjele problemen komme. Hawwe jo fragen oer de brief of oer in efterstân yn betellingen? Dan kinne jo mei ien fan de meiwurkers kontakt opnimme. De kontaktgegevens stean hjirûnder:
- Janneke Haagsma
- Bianca Romers
Algemien telefoannûmer: 0512 581 234
E-mail: vroegsignalering@smallingerland.nl