Jildsaken
Hawwe jo te min jild om fan rûn te kommen? Meitsje jo jo soargen dat jo skulden krije en wolle jo dat foarkomme? Krije jo brieven fan bedriuwen oan wa't jo jild betelje moatte en hawwe jo help nedich om dat op te lossen? Team Jildsaken is der om jo te helpen en mei jo nei oplossingen te sykjen. Team Jildsaken is ûnderbrocht by Carins.
Team Jildsaken stipet by skulden en jildproblemen
By Team Jildsaken kinne jo help krije by al jo fragen oer jild. Oft jo no help nedich hawwe by regelingen en taslaggen fan de oerheid, stipe by skulden en jildproblemen of gewoan persoanlik advys sykje, by Team Jildsaken kinne jo terjochte.
Mei Team Jildsaken kinne jo gearwurkje oan in goede oplossing om finansjele problemen en skulden foar te kommen. As jo al skulden hawwe, helpe wy jo by it finen fan in geskikte oplossing om jo skulden ôf te lossen. Team jildsaken wurket nau gear mei organisaasjes foar skuldhelpferliening.
Team Jildsaken is alle wurkdagen telefoanysk berikber tusken 9.00 en 12.00 oere fia 088 - 50 65 400, kies dan foar opsje 3. Of jo kinne maile nei it neikommende mailadres: geldzaken@carins.nl. Sjoch foar aktuele ynformaasje op www.carins.nl.
Finansjeel Plein
Wa't fragen of soargen hat oer syn finansjele situaasje, kin by it Finansjeel Plein terjochte foar ynformaasje, advys en help. De meiwurkers fan Finansjeel Plein helpe bygelyks by skulden, it oanfreegjen fan taslaggen of sosjaal-juridyske fragen. Dy help is fergees. Ek ynwenners dy't gjin skulden hawwe, mar wol fragen oer harren finansjele situaasje, binne wolkom.
- Museumplein 6 yn Drachten
- Moandei oant en mei tongersdei fan 09.00 oere oant 12.30 oere
- In ôfspraak meitsje is net nedich
Budgetgids
Yn de spesjale Budgetgids fine jo in oersjoch fan alle regelingen en ekstra's dy't gemeente Smellingerlân en de lanlike oerheid oanbiede foar minsken mei in leech ynkommen. Ek wurde der organisaasjes neamd dêr't jo terjochte kinne foar help.
Wolle jo neist de Budgetgids persoanlike help? Wolle jo witte wêr't jo rjocht op hawwe? Of hawwe jo help nedich by it oanfreegjen fan regelingen of taslaggen? Nim dan kontakt op mei it Team Jildsaken.