Falprevinsjeprogramma IkStaSterk

As jo âlder wurde, rinne jo mear risiko om te fallen. Wisten jo dat de measte minsken yn of om it hûs hinne falle? Troch in fal kinne jo bygelyks de heup, pols of skouder brekke. Dat wolle jo fansels graach foar wêze! Doch dêrom de test op sunenz.nl/valpreventie.

Bewege om fallen foar te kommen

Yn de gemeente Smellingerlân kinne jo meidwaan mei in groepstraining om fallen foar te kommen. Dy training is foar ynwenners fan de gemeente Smellingerlân fan 65 jier en âlder. De training duorret 3 moanne. Jo kinne de training folgje by in fysioterapeut yn 'e buert en dogge oefeningen foar krêft en balâns. 

Wêrom meidwaan oan de falprevinsjetraining?

Troch mei te dwaan oan dizze training:

  • wurde jo sûn en fit;
  • ferbetterje jo jo spierkrêft en balâns
  • ferlytsje jo it risiko om te fallen;
  • krije jo mear selsfertrouwen en kinne jo feilich aktiviteiten ûndernimme;
  • leare jo nije minsken kennen.

Lokaasjes en oanmelde

Freegje jo eigen húsdokter of fysioterapeut yn 'e buert om mear ynformaasje. Of meld jo fuortendaliks oan en belje mei ien fan de ûndersteande fysioterapypraktiken:

Wolle jo mear bewege en wolle jo mear witte oer it beweechoanbod by jo yn 'e buert, belje dan mei de buertsportcoach Dennis Zijlstra fan Sportbedrijf Drachten: 06 8242 6944.