Stipe en help
Hawwe jo in fraach oer stipe of soarch? Dan kinne jo yn Smellingerlân terjochte by Carins.
Carins is it plak foar elkenien dy't ynformaasje, help of stipe siket by:
- grutbringen en opgroeien;
- soarch;
- wenjen en wolwêzen;
- ynkommensfragen en skuldproblematyk;
- meidwaan en josels rêde kinne yn 'e maatskippij.
Carins helpt jo op wei as it josels efkes net slagget.
Wat docht Carins
Foar de gemeente fiert Carins de Jeugdwet, de Wet maatskiplike stipe (Wmo) en in part fan de Wet gemeentlike skuldhelpferliening út.
Sprekoere team Jildsaken
Kinne jo amper rûnkomme of hawwe jo jildsoargen? Bygelyks omdat jo jo baan kwytrekke binne? Of omdat jo skieden binne? Dan kinne de meiwurkers fan Carins helpe. Bygelyks mei it behearen fan jo jild.
Jo kinne Carins belje yn it sprekoere fan 9:00 oant 12:00 oere fia 088 - 50 65 400, kies dan foar opsje 3. Jo wurde dan fuortendaliks trochferbûn nei ien fan de meiwurkers. Oanrinne by Carins om in ôfspraak te meitsjen kin en mei altyd! Jo kinne ús ek maile op geldzaken@carins.nl of folje it kontaktformulier yn.
Finansjeel Plein
Wa't fragen of soargen hat oer syn finansjele situaasje, kin by it Finansjeel Plein terjochte foar ynformaasje, advys en help. De meiwurkers fan Finansjeel Plein helpe bygelyks by skulden, it oanfreegjen fan taslaggen of sosjaal-juridyske fragen. Dy help is fergees. Ek ynwenners dy't gjin skulden hawwe, mar wol fragen oer harren finansjele situaasje, binne wolkom.
- Museumplein 6 yn Drachten
- Moandei oant en mei tongersdei fan 09.00 oere oant 12.30 oere
- In ôfspraak meitsje is net nedich
Budgetgids
Yn de budzjetgids fan gemeente Smellingerlân fine jo in oersjoch fan alle regelingen en ekstra's foar minsken mei in leech ynkommen. Yn de gids steane ek de betingsten en grinzen foar ynkommen en fermogen. Dêrneist fine jo dêr ynformaasje oer organisaasjes dy't helpe kinne.