Uttreksel of ôfskrift boargerlike stân oanfreegje
Fan in tal belangrike foarfallen yn in minskelibben wurde akten opmakke. Dy wurde bewarre yn de registers fan de boargerlike stân fan de gemeente dêr't it foarfal plakhân hat. Fan dy akten kinne jo in ôfskrift (úttreksel) oanfreegje. Hat it foarfal plakhân yn de gemeente Smellingerlân? En hawwe jo in bewiis fan it foarfal nedich? Freegje dan it bewiis (ôfskrift) online oan mei jo DigiD.
Ofskrift (úttreksel) boargerlike stân oanfreegje (mei DigiD)
Kinne jo it ôfskrift net online oanfreegje? Meitsje dan in ôfspraak om it dokumint op te heljen yn it gemeentehûs.
Soarten akten
Jo kinne de neikommende akten oanfreegje:
- berte-akte;
- houliksakte of registrearre partnerskipsakte;
- skiedingsakte of beëiniging partnerskipsakte;
- akte fan ferstjerren.
Foar wa kinne jo oanfreegje
Jo kinne in úttreksel boargerlike stân oanfreegje foar:
- berte-akte: foar josels en foar jo bern;
- houliksakte: foar josels en foar jo partner;
- partnerskipsakte: foar josels en foar jo partner;
- skiedingsakte: foar josels;
- akte beëiniging partnerskip: foar josels;
- akte fan ferstjerren: foar jo partner, foar jo bern en foar jo âlder(s).
Hoe lang duorret it?
- As jo it úttreksel persoanlik by de gemeente oanfreegje, krije jo it fuortendaliks mei. Dat jildt ek as jo dêr ien foar machtigje.
- As jo it úttreksel online oanfreegje, stjoert de gemeente it oer de post nei jo ta.
Kosten
€16,60
In oar machtigje
As in oar de oanfraach foar jo docht by de gemeente, jouwe jo dyjinge in brief mei, mei dêryn/dêrby:
- de reden wêrom't jo it ôfskrift of úttreksel nedich hawwe;
- de namme fan de machtige;
- jo hantekening;
- de hantekening fan de machtige;
- in kopy fan jo legitimaasjebewiis.
Akte yn oare talen
Jo kinne ek in ynternasjonale akte boargerlike stân oanfreegje. De akte is dan oerset yn 9 talen: Ingelsk, Dútsk, Spaansk, Frânsk, Gryksk, Italiaansk, Portugeesk, Turks en Servo-Kroätysk.