Uttreksel Basisregistraasje Persoanen (BRP) oanfreegje

Soms hawwe jo in úttreksel (bewiis) nedich út de Basisregistraasje Persoanen (BRP). Bygelyks foar it hieren fan in wenning. It úttreksel freegje jo online mei jo DigiD oan yn de gemeente dêr't jo ynskreaun stean yn de BRP.

Uttreksel BRP oanfreegje (mei DigiD) 

Kinne jo it úttreksel net online oanfreegje? Meitsje dan in ôfspraak om it dokumint op te heljen yn it gemeentehûs.

Kosten

It úttreksel BRP kostet € 7,80.

Oanfreegje foar oaren

Jo kinne in úttreksel BRP allinnich oanfreegje foar josels en foar minderjierrige bern dy't by jo wenje. As jo dêrfoar machtige binne troch in oar, kinne jo ek in oanfraach út namme fan dy persoan dwaan. Meitsje dan in ôfspraak om it dokumint op te heljen yn it gemeentehûs.

Immen machtigje

Om in oar te machtigjen foar in oanfraach, stelle jo in brief op dêr't jo dy persoan tastimming yn jouwe. Jo en de persoan dy't de oanfraach út jo namme dwaan sil, ûndertekenje de brief dêrnei beide. De machtige persoan nimt de brief, in kopy fan jo identiteitsbewiis en in eigen identiteitsbewiis mei nei de ôfspraak. 

Bewiis fan gesach oanfreegje

Hawwe jo in bewiis nedich wa't it gesach hat oer in minderjierrich bern? Freegje dan in úttreksel út it gesachsregister oan by de rjochtbank. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Ryksoerheid. Is in gesachssituaasje net registrearre by de rjochtbank? Dan kinne jo in úttreksel BRP opfreegje by de gemeente. It úttreksel is allinnich yn it Nederlânsk te krijen.