Uttreksel BRP troch bedriuwen
Binne jo advokaat, notaris, gerjochtsdoarwarder of wurkje jo by in oerheidsynstânsje? En hawwe jo fan in ynwenner in bewiis nedich dat dy persoan yn de gemeente Smellingerlân ynskreaun stiet? Dan kinne jo mei eHerkenning in úttreksel út de Basisregistraasje Persoanen (BRP) oanfreegje. Dat is goedkeaper en giet flugger as wannear't jo it úttreksel skriftlik by ús oanfreegje.
Online úttreksel BRP oanfreegje (mei eHerkenning)
Hoe wurket it
- Jo logge yn mei eHerkenning.
- Folje jo gegevens yn en jou oan op hokker adres jo it úttreksel ûntfange wolle.
- Folje it BSN en de persoansgegevens fan de ynwenner yn.
- Jo uploade in brief fan jo organisaasje. Yn de brief stiet foar hokker gerjochtlike proseduere jo it úttreksel nedich hawwe.
- Jou oan hokker úttreksel jo nedich hawwe.
- Jo betelje online mei iDEAL.
- Jo krije in mail as wy jo oanfraach ûntfongen hawwe.
- Wy stjoere it úttreksel binnen 3 wurkdagen oer de post nei jo ta.
As de ynwenner geheimhâlding fan syn persoansgegevens hat, kin jo oanfraach langer duorje.
Tink derom: Kinne jo net online betelje? Dan wurdt jo oanfraach automatysk ôfwiisd.
Skriftlik oanfreegje
Jo kinne allinnich oer de post in úttreksel opfreegje. It is net mooglik om jo oanfraach fia e-mail oan ús te stjoeren. Stjoer de oanfraach op orizjineel briefpapier fan jo kantoar. De oanfraach kinne jo stjoere nei:
Postbus 10.000, 9200 HA Drachten
De skriftlike oanfraach moat de neikommende punten befetsje:
- de persoansgegevens fan de ynwenner;
- foar hokker gerjochtlike proseduere jo it úttreksel nedich hawwe;
- hokker gegevens der op it úttreksel stean moatte;
- op hokker adres jo it úttreksel ûntfange wolle.
As wy jo oanfraach ûntfongen hawwe, stjoere wy jo in mail. It úttreksel stjoere wy binnen 7 wurkdagen oer de post nei jo ta.
Tink derom: As de ynwenner geheimhâlding fan syn persoansgegevens hat, kin jo oanfraach langer duorje.
Op it Basis-úttreksel stean de neikommende gegevens:
- De foarnamme(n) en geslachtsnamme fan oanbelangjende
- It adres fan oanbelangjende
- Bertedatum en berteplak fan oanbelangjende
- It geslacht fan oanbelangjende
Alle neikommende úttreksels befetsje de gegevens dy't op it Basis-úttreksel neamd wurde, en binne oanfolle mei:
Húshâlding
- Gegevens fan de oanbelangjende syn/har partner (namme, bertedatum en berteplak)
- Gegevens fan de oanbelangjende syn/har bern (namme, bertedatum en berteplak)
Mei adreshistoarje
- Datum ynskriuwing op it adres
- Datum ynskriuwing yn de gemeente
- Oersjoch fan de histoaryske adressen
Mei BSN
- Oanbelangjende syn/har boargerservicenûmer
Mei boargerlike steat ferbyntenissen en berngegevens
- Oanbelangjende syn/har boargerlike steat
- Gegevens fan oanbelangjende syn/har hjoeddeistige houlik/registrearre partnerskip (rp) en fan it ûntbûne houlik/rp
- Gegevens fan oanbelangjende syn/har partner en eks-partner (namme, bertedatum en berteplak)
Mei nasjonaliteit
- Fermelding fan oanbelangjende syn/har nasjonaliteit(en)
Mei nammen fan âlden
- Gegevens fan oanbelangjende syn/har âlder/âlden (namme, bertedatum, berteplak en bertelân)
Mei fêstigingsdatum en foarige gemeente
- Datum fan ynskriuwing fan oanbelangjende yn de gemeente Smellingerlân
- Namme fan de foarige wengemeente
- Datum fan ynskriuwing yn Nederlân fan oanbelangjende en lân dêr't hy/sy út ôfreizge is
Neilittenskip
- Befettet alle gegevens dy't in notaris nedich hat foar in neilittenskip
Alderlik gesach
Yn it Nederlânsk en it Ingelsk:
- Namme âlden
- Fermelding oft de âlden gesach hawwe oer it bern
Kosten
Jo betelje foar it yn behanneling nimmen fan jo oanfraach, net foar it úttreksel sels. As wy beslute it úttreksel net oan jo te jaan of by in ferkearde oanfraach, krije jo de betelle kosten net werom. In ferkearde oanfraach is bygelyks fan in persoan dy't net yn de gemeente Smellingerlân ynskeaun stiet.
Soarte fan oanfraach | Kosten |
---|---|
Fia ynternet (DigiD / eHerkenning) | € 7,80 |
Skriftlik | € 17,10 |