Trouwe yn it bûtenlân
Wolle jo yn in oar lân trouwe? Dan hawwe jo soms in ferklearring fan houliksfoech nedich. Yn dat dokumint stiet dat jo op dit stuit net troud binne en dat jo en jo partner neffens de Nederlânske wet mei-inoar trouwe meie.
Wat binne de betingsten?
- Jo of jo partner hat de Nederlânske nasjonaliteit.
- Jo of jo partner is ynskreaun yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP) fan gemeente Smellingerlân.
- Wenje jo net mear yn Nederlân? Dan freegje jo de ferklearring oan by jo lêste wengemeente foardat jo nei it bûtenlân ôfsetten.
- In jildich identiteitsbewiis fan jo en jo partner.
- Dêrneist hawwe jo oanfoljende dokuminten nedich. Hokker dat binne is ôfhinklik fan jo situaasje.
Yn de tabel op dizze side lêze jo yn hokker situaasjes wy oanfoljende dokuminten nedich hawwe en wêr't dy oan foldwaan moatte. Yn alle gefallen hawwe wy resinte dokuminten nedich dy't net âlder binne as 6 moanne.
Foar alle dokuminten jildt dat jo it orizjinele eksimplaar oanleverje. Fan de identiteitsbewizen is in kopy foldwaande. Kontrolearje op de webside Nederland Wereldwijd oft jo dokumint legalisearre of oerset wurde moat.
| Dokumint | Wannear nedich? | Taljochting |
| Kopy foar- en efterkant fan it identiteitsbewiis | Altyd fan beide partners | |
| Ofskrift fan de berte-akte | As jo en/of jo partner yn it bûtenlân berne binne en dy bûtenlânske berte-akte noch net registrearre is yn de Basisregistraasje Persoanen |
It ôfskrift freegje jo oan yn jo bertelân. Kontrolearje op Legaliseren van buitenlandse documenten voor gebruik in Nederland | NederlandWereldwijd oft jo dokumint legalisearre of oerset wurde moat. |
| Ferklearring fan net-troud wêzen | As jo en/of jo partner yn it bûtenlân wenje of wenne hat | De ferklearring freegje jo oan yn it (lêste) wenplak yn it bûtenlân. |
| Skiedingsakte of akte ûntbining registrearre partnerskip of akte fan ferstjerren | As jo of jo partner earder troud west hat/in partnerskip hân hat en de akte noch net registrearre is yn de Basisregistraasje Persoanen |
De akte freegje jo oan yn de gemeente dêr't doetiids it houlik sletten is/it partnerskip registrearre is. In akte fan ferstjerren freegje jo oan yn de gemeente dêr't jo partner ferstoarn is. |
Slagget it net om it dokumint digitaal oan te freegjen fia DigiD? Of hawwe jo fragen oer de oan te leverjen dokuminten? Nim dan kontakt op mei de gemeente fia burgerzaken@smallingerland.nl
It oanfreegjen fan in ferklearring houliksfoech kostet € 31,10