Rydbewiis
It oanfreegjen fan in rydbewiis dogge jo op it gemeentehûs of online. Meitsje foar it oanfreegjen fan in rydbewiis in ôfspraak fia de knoppen hjirûnder. Neidat jo in nij rydbewiis oanfrege hawwe, kinne jo in nije ôfspraak meitsje om it rydbewiis opte heljen. Soargje derfoar dat der op syn minst 7 dagen tusken dy twa ôfspraken sitte, omdat it rydbewiis net earder klear wêze sil. Jo kinne allinnich sels jo rydbewiis oanfreegje of ferlingje. Binne jo jo rydbewiis kwyt? Meld dat (online) by de RDW.
Rydbewiis ferlern of stellen
As jo rydbewiis stellen is of as jo jo rydbewiis ferlern hawwe, doch dan fuortendaliks in online melding by de RDW. Sy blokkearje fuortendaliks jo rydbewiis sadat net ien der misbrûk fan meitsje kin. Dêr hawwe jo DigiD foar nedich. As jo in online oanfraach dogge foar in nij rydbewiis nei ferlies, kies dan foar de opsje 'Aanvraag rijbewijs na verlies'.
Rydbewiis online ferlingje
Op de webside fan de RDW kinne jo jo rydbewiis digitaal ferlingje. Nei in oantal dagen kinne jo jo rydbewiis al op ôfspraak yn it gemeentehûs ophelje. It kostet likefolle as in oanfraach fia de gemeente.
Foar it online ferlingjen fan jo rydbewiis hawwe jo DigiD en in smartphone mei NFC-chip nedich. Jo litte earst in pasfoto meitsje by in RDW-erkende fotograaf. De fotograaf stjoert jo foto digitaal nei de RDW. Op de webside fan de RDW kinne jo dêrnei jo oanfraach ôfmeitsje.
Meinimme nei it gemeentehûs
Meitsje in ôfspraak foar it oanfreegjen fan in rydbewiis op it gemeentehûs en foar it ôfheljen fan jo rydbewiis. Nim dan de neikommende dingen mei:
- Jo âlde rydbewiis, as jo jo rydbewiis ferlingje. Dat nimme jo ek mei as jo jo rydbewiis ophelje.
- In jildich paspoart, identiteitskaart of rydbewiis.
- In pasfoto dy't net âlder is as 6 moanne. Dat jildt allinnich as jo jo rydbewiis op it gemeentehûs oanfreegje of ferlingje.
- Kontant jild of pinpas. Dat jildt allinnich as jo jo rydbewiis op it gemeentehûs oanfreegje of ferlingje. By it online ferlingjen fan jo rydbewiis betelje jo direkt oan de RDW.
Oanfraach rydbewiis op gemeentehûs
Jildigens fan jo rydbewiis
De jildigens fan jo rydbewiis hinget ôf fan jo leeftiid:
Leeftiid | Jildigens fan jo rydbewiis |
---|---|
Oant 65 jier | 10 jier jildich |
65 oant 70 jier | Jildich oant jo 75e jierdei |
70 oant 75 jier | 5 jier jildich |
Fan 75 jier ôf | Maksimaal 5 jier jildich |
Kosten
It oanfreegjen of ferlingjen fan in rydbewiis kostet €48,15. As jo it rydbewiis op it gemeentehûs ferlingje, kinne jo it rydbewiis nei fiif wurkdagen ophelje. By in online ferlinging is dat nei twa wurkdagen. TINK DEROM: troch de hjoeddeistige drokte duorret it oanfreegjen fan in rydbewiis langer as jo fan ús wend binne. Meitsje dêrom in ôfspraak by de gemeente foar it oanfreegjen en opheljen fan jo rydbewiis.
Haastoanfraach
Hawwe jo jo rydbewiis flugger nedich? Dan kinne jo in haastoanfraach dwaan. In haastoanfraach kostet € 87,80. Freegje jo it rydbewiis foar 14.00 oere oan, dan leit it rydbewiis op syn lêst twa wurkdagen letter, fan 10.00 oere ôf, foar jo klear. Meitsje foar it opheljen fan it rydbewiis in ôfspraak.
Medysk keure
As jo 75 jier of âlder binne, wurde jo soms medysk keurd as jo jo rydbewiis oanfreegje of ferlingje. Foar in medyske keuring hawwe jo earst in sûnensferklearring nedich. Keapje jo sûnensferklearring online fia Myn CBR of yn it gemeentehûs. Dat kostet € 42,30. Jo moatte dêrfoar fragen beäntwurdzje oer jo sûnens. Nei it ferstjoeren fan jo sûnensferklearring krije jo binnen in pear wike in reaksje oer jo medyske keuring.
Ekstra kategory
As jo it rydbewiis foar in nije kategory behelle hawwe, moatte jo in nij rydbewiis oanfreegje.
Melde op it gemeentehûs
Hawwe jo gjin DigiD of slagget it net om it online te melden? Folje dan by de gemeente in ferklearring fan fermissing yn. Jo kinne dan fuortendaliks in nij rydbewiis oanfreegje. Meitsje dêr in ôfspraak foar.