Oanpasse ferkearde persoansgegevens
Jo persoansgegevens steane registrearre yn de basisregistraasje persoanen (BRP). Sjogge jo in flater stean yn jo persoansgegevens? Dan kinne jo de gemeente freegje om dat oan te passen. Dat wurdt ek wol 'korreksjefersyk' neamd.
Yn de BRP steane neist jo foarnamme, achternamme, geslacht en Boargerservicenûmer (BSN) gegevens oer jo:
- âlden
- nasjonaliteit
- houlik of registrearre partnerskip
- ferstjerren
- ferbliuwplak (adres)
- bern
- gesachsferhâlding en kuratele
- reisdokumint (paspoart en/of identiteitskaart)
Klopt ien fan dy gegevens net? Dan kinne jo in korreksjefersyk oanfreegje.
- Jo freegje de gemeente om jo gegevens oan te passen.
- Lit sjen dat jo gegevens net klopje. Bygelyks yn in brief fan de gemeente dêr't jo gegevens ferkeard yn steane. Of troch in skermôfbylding te meitsjen fan jo gegevens dy't op MijnOverheid steane.
- Neam dúdlik wat jo feroarje wolle en wêrom't jo dat wolle.
- Stjoer dy dokuminten (of in kopy dêrfan) mei jo oanfraach mei.
- De gemeente nimt binnen 4 wiken in beslút oer jo oanfraach.
- Jo krije dêr berjocht fan oer de post of fia in e-mail.
In flater yn gegevens moat oanpast wurde by de oanbelangjende organisaasje. As de melder net wit wêr't hy/sy terjochte kin of de organisaasje komt der sels net út, meld dat dan by it MFO.