Geheimhâlding persoansgegevens

Wenje jo yn de gemeente Smellingerlân en stean jo dêr ynskreaun yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP)? En wolle jo net dat de gemeente jo persoansgegevens oan oaren jout? Dan kinne jo fergees geheimhâlding fan jo gegevens oanfreegje. Dat hjit ek wol 'ferstrekkingsbeheining'.

Mear ynformaasje oer geheimhâlding fan persoansgegevens fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Jo kinne geheimhâlding online mei DigiD regelje foar josels en foar jo bern oant sy mearderjierrich binne. As jo gjin geheimhâlding mear wolle, kinne jo dat sels stopsette.

Geheimhâlding oanfreegje of stopsette (mei DigiD)

Kosten

Gjin kosten.

Ferhuzing

Ferhúzje jo binnen de gemeente? Of ferhúzje jo nei in oare gemeente? Dan jildt de geheimhâlding noch hieltyd. Jo hoege de geheimhâlding dan net opnij troch te jaan.