Ferklearring Omtrint Gedrach
Hawwe jo in Ferklearring Omtrint Gedrach (Verklaring Omtrent Gedrag = VOG) nedich? Dan bepaalt de wurkjouwer of organisaasje dy't in VOG fan jo nedich hat oft jo de oanfraach streekrjocht by Dienst Justis of by de gemeente dogge.
Digitaal by Dienst Justis oanfreegje
De wurkjouwer of organisaasje set de VOG-oanfraach online foar jo klear. Jo krije dêrnei in e-mail fan Dienst Justis mei in oanfraachkoade. Mei dy koade logge jo yn. Jo kontrolearje de gegevens. As de gegevens klopje, betelje jo de oanfraach fia iDEAL.
Digitaal by de gemeente oanfreegje
De wurkjouwer of organisaasje jout jo in oanfraachformulier dat (foar in part) ynfolle is. Jo kontrolearje it formulier. Leverje it formulier online mei jo DigiD yn by de gemeente dêr't jo ynskreaun stean yn de Basisregistraasje Persoansgegevens (BRP). By de oanfraach uploade jo in digitale kopy (scan of foto) fan it folsleine formulier. Dêrnei betelje jo de oanfraach fia iDeal.
Oanfreegje
De wurkjouwer of organisaasje jout jo in oanfraachformulier dat (foar in part) ynfolle is. Jo kontrolearje oft it formulier goed ynfolle is. Jo leverje it formulier yn by de gemeente dêr't jo ynskreaun stean yn de Basisregistraasje Persoansgegevens (BRP). Meitsje dêr in ôfspraak foar. Nim by de ôfspraak it formulier en jo identiteitsbewiis mei. Jo betelje by de oanfraach.
Kosten
Digitaal by Justis: €33,85.
Digitaal of oan de baly by de gemeente: €41,35.
Nei jo oanfraach
Dienst Justis beoardielet jo oanfraach. Twa oant fjouwer wike nei jo oanfraach krije jo fan Dienst Justis de VOG oer de post thús. Wiist Dienst Justis jo oanfraach ôf? Dan krije jo dêr in brief oer. Binne jo útskreaun en stean jo ynskreaun yn de Registratie Niet-Ingezetenen (RNI)? Dan freegje jo de VOG oan by Dienst Justis.
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen oer de fuortgong fan jo oanfraach? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Dienst Justis. Belje 088 9982 200. Mear ynformaasje oer de VOG fine jo op de webside fan Dienst Justis.