Dokumint bekrêftigje
Soms hawwe jo in bekrêftige kopy nedich fan in paspoart, identiteitskaart of rydbewiis. De gemeente set in stimpel (bekrêftiging) op de kopy fan it orizjinele dokumint. Dêr kinne jo mei bewize dat de kopy der krekt itselde útsjocht as it orizjineel. Belje de gemeente om in ôfspraak te meitsjen. Jo krije it bekrêftige dokumint fuortendaliks mei.
Kosten
€ 7,00
Meinimme
- It orizjinele dokumint dat jo bekrêftigje litte wolle.
- In jildich paspoart, rydbewiis of identiteitskaart.
- Kontant jild of pinpas.
Bekrêftige diploma of tsjûchskrift
Foar in bekrêftige diploma of tsjûchskrift kinne jo terjochte by de ynstelling dy't it diploma of tsjûchskrift ôfjûn hat. Of by Dienst Uitvoering Onderwijs (DUO). De gemeente kin dat net foar jo dwaan.