Bewiis fan yn libben wêze

Hawwe jo in bewiis nedich foar in pensjoenfûns of oare útkearende ynstânsje dat jo yn libben binne? Dat freegje jo oan by de gemeente.

Oanfreegje

In bewiis fan yn  libben wêze freegje jo allinnich foar josels oan.

Bewiis fan yn libben wêze oanfreegje (mei DigiD)

Attestatie de vita

Soms freget in bûtenlânsk pensjoenfûns om in attestatie de vita. Dat is in ynternasjonale ferzje fan it bewiis fan yn libben wêze. Meitsje dêr in ôfspraak foar yn it gemeentehûs. In attestatie de vita freegje jo persoanlik oan. 

Kosten

  • € 7,50
  • Fergees as jo in bewiis sjen litte dat it foar in pensjoenfûns is.

Oanfreegje op it gemeentehûs

Freegje it bewiis fan yn libben wêze oan by de gemeente dêr't jo ynskreaun steane. It bewiis yn it gemeentehûs oanfreegje kin ek. Meitsje dêr in ôfspraak foar. Nim jo identiteitsbewiis mei en de brief fan it pensjoenfûns dêr't sy yn oanjouwe dat sy it bewiis nedich hawwe. Jo krije it úttreksel fuortendaliks mei.