Bewiis fan garantstelling of sliepplakferstrekking

Komt der ien út it bûtenlân by jo útfanhûs? En hat dy persoan in fisum nedich? Dan hat jo gast ek in bewiis fan garantstelling en/of sliepplakferstrekking nedich. 

Mei dat dokumint ferklearje jo wêrom't jo ien útnûgje om nei Nederlân te kommen, bygelyks foar in fakânsje of famyljebesite. Ek kinne jo oanjaan dat jo garant steane foar de kosten fan dy persoan salang't it ferbliuw yn Nederlân duorret. 

Nei jo oanfraach krije jo it ûndertekene dokumint oer de post thús. 

Online oanfreegje 

Jo kinne it bewiis fan garantstelling en/of sliepplakferstrekking online oanfreegje. Jo hawwe dêr DigiD foar nedich. 

Freegje oan (DigiD) 

Oanfreegje yn it gemeentehûs 

Kinne jo it bewiis fan garantstelling net online oanfreegje? Meitsje dan in ôfspraak by it gemeentehûs. 

Kosten 

In bewiis fan garantstelling en/of sliepplakferstrekking kostet € 7,90 

Mear ynformaasje 

Mei it bewiis fan garantstelling en/of logiesferstrekking lit de besiker sjen wêrom't hy of sy nei Nederlân komt. Dat dokumint kin nedich wêze foar it oanfreegjen fan in fisum. Kriget de besiker in fisum? Dan mei hy of sy maksimaal 90 dagen yn Nederlân ferbliuwe. 

Wolle jo witte foar hokker nasjonaliteiten in fisum ferplichte is? Sjoch dan op de webside fan Nederland Wereldwijd.