Bûtenlânske boarnedokuminten ynleverje
Hawwe jo in offisjele akte of in offisjeel dokumint út it bûtenlân, dan moatte jo dy gegevens ferwurkje litte yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP). Dy akten en dokuminten neamt de gemeente boarnedokuminten.
Meitsje in ôfspraak mei de gemeente om de gegevens ferwurkje te litten.
Foarbylden fan akten en dokuminten
- berte-akte
- houliksakte
- skiedingsakte
- ferstjerakte
- adopsje-akte
- ferklearring fan jo boargerlike steat
- ferklearring fan jo nasjonaliteit
Hoe wurket it
- Meitsje earst online in ôfspraak om de dokuminten yn te leverjen. Slagget it net om online in ôfspraak te meitsjen? Belje dan it gemeentehûs op 0512 581 234.
- It orizjinele dokumint wurdt troch de gemeente ynnaam foar kontrôle.By twivel stjoere wy it dokumint nei de IND foar ûndersyk. Jo krije in ûntfangstbefêstiging fan de gemeente. Dat kin in pear wike duorje.
- Bûtenlânske akten moatte yn de measte gefallen geskikt makke wurde foar gebrûk yn Nederlân. Dat neame wy legalisearje. Oft jo in dokumint legalisearje moatte en hoe't dat moat, lêze jo op de webside fan de Ryksoerheid. Of belje de gemeente.
- Bûtenlânske dokuminten dy't net yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk of Dútsk opsteld binne, moatte jo oersette litte yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk of Dútsk troch in beëdige tolk/oersetter. Sykje in oersetter yn it Register van beëdigde tolken en vertalers.
- It oersetten mei allinnich néí legalisaasje barre, sadat de legalisaasje sels ek oerset wurdt. Jo moatte sels foar de oersetting troch in beëdige oersetter soargje. Jo moatte sels de kosten foar de oersetting betelje. It orizjinele boarnedokumint en de oersetting moatte ien gehiel foarmje.
- As in dokumint yn it bûtenlân oerset is, moat ek de hantekening fan de oersetter legalisearre wêze. Foar mear ynformaasje oer legalisaasje belje jo de gemeente.
- Tink derom: in soad ynstânsjes akseptearje gjin dokuminten dy't âlder binne as 6 moanne.
- As in akte ynskreaun is by de Boargerlike Stân yn Den Haag, dan moatte jo dêr in ôfskrift of úttreksel opfreegje.
Meinimme nei de ôfspraak
- In jildich identiteitsbewiis (paspoart, identiteitskaart of rydbewiis).
- It orizjinele dokumint dat ynlevere wurde moat en eventueel de oersetting dêrfan.
Kosten
It ynleverjen fan bûtenlânske boarnedokuminten is fergees.