Akte boargerlike stân troch bedriuwen
Binne jo notaris, advokaat of wurkje jo by in oerheidsynstânsje? En hawwe jo fan in ynwenner in kopy fan in akte fan de boargerlike stân nedich? Dan kinne jo mei eHerkenning in ôfskrift fan in akte fan de boargerlike stân oanfreegje. Dat giet flugger as it skriftlik oanfreegjen fan in ôfskrift by ús.
Online úttreksel boargerlike stân oanfreegje (mei eHerkenning)
De boargerlike stân makket akten op fan berte, houlik, skieding, registrearre partnerskip, beëiniging registrearre partnerskip en ferstjerren. As dat foarfal yn ús gemeente plakhân hat, hat gemeente Smellingerlân de akte.
Hoe wurket it
- Jo logge yn mei eHerkenning.
- Folje jo gegevens yn en jou oan op hokker adres jo de akte ûntfange wolle.
- Folje it BSN en de persoansgegevens fan de ynwenner yn.
- Jo uploade in brief fan jo organisaasje dêr't yn oanjûn stiet foar hokker gerjochtlike proseduere jo it ôfskrift fan de akte nedich hawwe.
- Jou oan hokker akte jo nedich hawwe.
- Jo betelje online mei iDEAL.
- Jo krije in mail as wy jo oanfraach ûntfongen hawwe.
- Wy stjoere it ôfskrift binnen 3 wurkdagen oer de post nei jo ta.
Tink derom: Kinne jo net online betelje? Dan wurdt jo oanfraach automatysk ôfwiisd.
Skriftlik oanfreegje
Jo kinne allinnich oer de post in ôfskrift fan in akte opfreegje. It is net mooglik om jo oanfraach fia e-mail oan ús te stjoeren. Stjoer de oanfraach op orizjineel briefpapier fan jo kantoar. Jo kinne de oanfraach stjoere nei:
Postbus 10.000, 9200 HA Drachten
Yn de skriftlike oanfraach moat it neikommende stean:
- de persoansgegevens fan de ynwenner;
- de omskriuwing foar hokker gerjochtlike proseduere jo it ôfskrift nedich hawwe;
- op hokker adres jo de akte ûntfange wolle.
As wy de oanfraach ûntfongen hawwe, stjoere wy jo in e-mail. It ôfskrift stjoere wy binnen 7 wurkdagen oer de post nei jo ta.
Kosten
In úttreksel of ôfskrift út de boargerlike stân kostet €17,10.