Besikersfergunning

Wenje jo yn it gebiet dêr't betelle parkearjen jildt of yn in fergunningssône en krije jo regelmjittich besite mei eigen ferfier, freegje dan in besikersfergunning oan. Mei de besikersfergunning mei jo besite alle kearen maksimaal 3 oeren fergees parkearje fan moandei o/m sneon tusken 9.00 en 21.00 oere. Foar elk adres kinne jo ien besikersfergunning oanfreegje.

Kosten

De besikersfergunning kostet € 43,80 it kalinderjier.

Besikersfergunning oanfreegje

Oan- en ôfmelde parkearjen besikers

Jo kinne jo besite oanmelde op de webside of fia de app (BezoekersApp). Dêr hawwe jo jo meldnûmer en pinkoade foar nedich. Dy steane yn in brief of e-mail dy't jo krigen hawwe. Hawwe jo dy gegevens net mear by de hân? Dan kinne jo dy opsykje yn it Digitaal Parkearloket. Jo logge dêrfoar yn mei DigiD.

Jo besite wurdt nei 3 oeren automatysk ôfmeld. Wolle jo yn dy tiid in oar kenteken oanmelde, dan melde jo it earste kenteken earst ôf.

Besite oan-/ôfmelde

Hantliedingen

Belje nei 0512 581 585 as jo problemen hawwe mei it oan- of ôfmelden fan jo besite fia de webside of app. Hâld jo meldnûmer by de hân.

Help by oanfreegjen

Hawwe jo help nedich by it (online) oanfreegjen fan jo besikerspas? Belje ús op telefoannûmer 0512 581 234. Wy helpe jo graach fierder.